Provinsjale Steaten

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Wapen fan Nederlân
Wapen fan Fryslân

Yn Nederlân foarmje de Provinsjale Steaten (meastal koartwei de Steaten neamd) sûnt 11 maart 2003 it kollektyf fan folksfertsjintwurdigers binnen de provinsje. Foar dizze datum foarmen de Provinsjale Steaten it bestjoer fan de provinsje. De haadtaak fan de Provinsjale Steaten is no it kontrolearjen fan it bestjoer, dat foarme wurdt troch de Deputearre Steaten.

Steateleden[bewurkje seksje | edit source]

De leden fan de Provinsjale Steaten (Steateleden) wurde om de fjouwer jier streekrjocht keazen troch de stimrjochtige ynwenners fan de provinsje. It tal leden hinget ôf fan it ynwennertal en rint fan 39 foar in provinsje mei minder as 400.000 ynwenners, oant 55 foar in provinsje mei mear as 2.500.000 ynwenners.

Op harren beurt kieze dizze keazenen wer de leden fan de Deputearre Steaten en fan de Earste Keamer.

Fan 1813 oant 1850 keazen de aadlike leden fan de ridderskippen ien tredde fan de leden fan Provinsjale Steaten. De herfoarmings fan Thorbecke en de provinsjewet fan 1850 hawwe oan dat aadlike privileezje in ein makken.

Ferleging tal sitten[bewurkje seksje | edit source]

Troch in feroaring fan de Provinsjewet is by de Provinsjale Steateferkiezings fan 7 maart 2007 it totale tal fan Steateleden ferlege fan 764 nei 564. It maksimum fan 83 Steateleden waard ferlege nei 55, foar provinsjes mei mear as 2.000.000 ynwenners. It minimum fan 39 bleau gelyk, mar it minimum, dat gou foar provinsjes mei minder as 200.000 ynwenners, jildt sûnttiid foar provinsjes mei minder as 400.000 ynwenners. In oersjoch fan de feroaring yn sitten per provinsje:

Provinsje Sitten oant 2007 Sitten sûnt 2007
Fryslân 55 43
Grinslân 55 43
Drinte 51 41
Oerisel 63 47
Flevolân 47 39
Gelderlân 75 53
Utert 63 47
Noard-Hollân 83 55
Súd-Hollân 83 55
Seelân 47 39
Noard-Brabân 79 55
Limburch 63 47
TOTAAL 764 564

In gefolch fan dizze ferleging fan it tal sitten is dat de kiesdrompel omheech gean sil. Ofhinklik fan de provinsje sil de kiesdrompel tusken 1,5% en goed 2% fan de stimmen lizze. Hjirtroch sil it dreger wurde foar lytse partijen om in sit heljen. Dit kin ek gefolgen hawwe foar de fertsjintwurdiging fan lytse partijen yn de Earste Keamer.

Ferkiezingsútslaggen 2003 - 2007[bewurkje seksje | edit source]

Provinsje 2003
CDA PvdA VVD GL SP D66 CU SGP LPF (oare) totaal
Fryslân 16 15 6 3 1 1 3 0 7+1+1+1 55
Grinslân 12 20 7 5 3 2 4 0 0 2 55
Drinte 12 19 9 4 0 2 2 0 1 2 51
Oerisel 24 15 9 3 3 2 4 2 1 0 63
Flevolân 10 12 11 3 2 2 4 1 2 0 47
Gelderlân 24 18 13 5 4 3 3 4 1 0 75
Utert 16 14 14 6 3 4 3 2 1 0 63
Noard-Hollân 17 24 20 8 5 5 1 2 1 83
Súd-Hollân 20 20 18 5 4 4 3 4 4 1 83
Seelân 13 10 7 2 2 1 3 6 0 1+2 47
Noard-Brabân 30 17 15 4 6 3 1 2 1 79
Limburch 28 14 9 3 4 2 0 0 1 2 63
Totaal 222 198 138 51 37 31 26+5 19+5 15 22 764
Provinsje 2007
CDA PvdA VVD GL SP D66 CU SGP PvdD (oare) totaal
Fryslân 12 12 5 2 4 0 3 0 0 5 43
Grinslân 9 12 5 3 7 1 4 0 1 1 43
Drinte 10 13 8 2 5 0 3 0 0 0 41
Oerisel 17 9 7 2 6 0 5 1 0 0 47
Flevolân 8 7 9 2 6 0 5 1 1 0 39
Gelderlân 15 10 9 3 7 1 4 3 1 0 53
Utert 11 8 10 4 5 2 4 1 1 1 47
Noard-Hollân 11 10 13 5 9 2 2 2 1 55
Súd-Hollân 13 10 12 3 8 1 4 2 1 1 55
Seelân 10 6 6 2 5 0 3 5 0 2 39
Noard-Brabân 18 8 11 2 12 1 1 1 1 55
Limburch 18 8 7 2 9 1 0 0 1 1 47
Totaal 151 114 102 32 83 9 35+3 13+3 9 13 564

Under oaren troch ôfsplissings kin it tal sitten binnen ien sittingsperioade feroarje. Dizze tabellen jouwe allinnich de gearstalling fan flak nei de ferkiezings.

De neamde 'oare' binne foar 2007:

Sittenferdieling fan 2007[bewurkje seksje | edit source]

Namme[bewurkje seksje | edit source]

Yn maaie 2008 beslueten de Limburchske provinsjale staten harsels om te dopen ta Limburchsk parlemint. Dêrmei is Limburch de ienige provinsje dêr't de folksfertsjintwurdiging net mear "provinsjale steaten" neamd wurdt.

Sjoch ek[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: