Twadde Keamer

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Coat of arms of the Tweede Kamer.svg

De Twadde Kamer is ien fan de twa parten fan deSteaten-Generaal fan it Keninkryk fan de Nederlannen, it parlemint. Hy is te fergelykjen mei it House of Commons yn it Feriene Keninkryk en de Bundestag yn Dútslân. De Twadde Keamer wurdt gearstald troch in ferkiezing.

Funksjonearjen[bewurkje seksje | edit source]

Hoewol't de namme faaks it tsjindiel fermoeden docht, hat de Twadde Keamer yn de Nederlânske polityk mear macht as de Earste Keamer. Foar de Twadde Keamer wurde de regeringskoalysjes foarme. Ek wurde ministers dêr ta ferantwurding roppen foar harren belied. De Earste Keamer hat dy macht ek, mar dêr bart dat folle minder faak. In minister of kabinet bliuwt ornaris net oan sûnder it betrouwen fan (in mearheid yn) de twadde Keamer.

De Twadde Keamer hat yn 'e haadsaak trije taken:

  • kontrôle op regearingsbelied,
  • meiwetjouwer (mei it regear en de Earste Keamer)
  • fertsjintwurdiging fan de befolking.

Om it regear kontrolearje te kinnen, hat de Twadde Keamer ferskate rjochten en ynstruminten. In wichtich foech fan de Twadde Keamer is it rjocht fan begrutting as budzjetrjocht. Dat is de mooglikheid begruttings fan de ministearjes goed en ôf te karjen en om dy te feroarjen. Ek it rjocht fan ynterpellaasje en it rjocht fan enkête heart hjirta.

Ien fan de wichtichste rjochten by de wetjouwing is it oanpassingsrjocht as rjocht fan amendemint. Dat is de mooglikheid om wetsfoarstellen op ûnderdielen te wizigjen. As in mearderheid fan de Keamer sa'n feroaring, amendemint, stipet, dan wurdt de ferlange wiziging oanbrocht. Der minister dy't it wetsfoarstel yntsjinne hat hoecht it dêr net altiten mei iens te wêzen; in minister dy't dêr grutte beswieren tsjin hat, kin drige mei ôfgean of mei it ynlûken fan it hiele wetsûntwerp.

In oar ynstrumint fan de Keamer is de saneamde moasje, de útspraak. Yn in moasje sprekt de Keamer in miening út of freget in minister of it hiele kabinet om eat te dwaan of krekt te litten. Sa'n útspraak waacht minder swier as in amendemint, omdat hy net binend is. In minister kin in moasje neist him dellizze. It mêd fan in útspraak fan de Keamer is net beheind ta wetsfoarstellen; de Keamer kin him ek muoie mei oare besonjes fan de minister; sels mei it deistich lânsbestjoer.

Gebou fan de Twadde Keamer, yngong oan it Plein yn De Haach.

De Twadde Keamer hat ek it rjocht fan inisjatyf. Dat is it rjocht om wetsfoarstellen yn te tsjinnen. De measte wetsfoarstellen wurde opsteld troch it regear, mar in pear kear yn it jier wurdt der troch ien as inkele Keamerleden in saneamd inisjatyfwetsfoarstel yntsjinne. De yntsjinner(s) sit(ten) dan efter de regearingstafel om harren wetsûntwerp te ferdigenjen, ek yn de Earste Keamer.

Fierders kin de Keamer it rjocht fan ynterpellaasje brûke. Yn minder wichtige kwestjes kinne ministers troch Keamerleden oan de tosk field wurde yn it wyklikse mûnlinge frage-oerke fan de Twadde Keamer. Ek bestiet de mooglikheid om skriftlike fragen te stellen, wêrop de belutsen minister of steatssekretaris ferplicht is te antwurdzjen.

Yn útsûnderlike gefallen makket de Keamer gebrûk fan it rjocht fan ûndersyk, it rjocht fan enkête. In spesjaal dêrfoar beneamde kommisje ûndersiket dan yn in kwestje it regearingsbelied oant op 'e boaiem. Belutsenen kinne ûnder de eed heard wurde en gizele wurde. Bekende foarbylden binne de Parlemintêre enkête nei de Bijlmerramp en de Parlemintêre enkête nei de boufraude (2002). Yn minder swiere gefallen folstiet in Parlemintêr Undersyk, wêrby't tsjûgen net ûnder de eed steane.

Leden[bewurkje seksje | edit source]

Yn de Twadde Keamer is plak foar 150 fertsjintwurdigers fan de politike partijen, dy't by algemiene, lanlike, demokratyske Twadde Keamerferkiezings yn de Keamer keazen wurde neffens evenredige fertsjintwurdiging. In plak wurdt in sit neamd; de fertsjintwurdigers wurde Keamerleden of parlemintaarjers neamd. Foar 1917 hie Nederlân in yngewikkeld distriktestelsel wêrby't allinnich bepaalde manlju stimme mochten. Yn 1917 en 1919 waard de wet sa oanpast dat alle manlju en froulju stimme mochten. Foar novimber 1956 wienen der mar 100 sitten. Neidat op 29 juny 2006 it Kabinet-Balkenende II fallen is, wienen de lêste ferkiezings op 22 novimber 2006.

Gearstalling sûnt 2010-no[bewurkje seksje | edit source]

(Tallen yn fergeyk mei de perioade 2006-2010):

Politike partij Ideology eardere Listlûker Hjoeddeiske fraksjefoarsitter Stimmen Sitten Ferskil
Folkspartij foar Frijheid en Demokrasy (VVD) konservatyf liberaal Mark Rutte Stef Blok 1.926.551 31 +9
Partij fan de Arbeid (PvdA) sosjaaldemokratysk Job Cohen Diederik Samsom 1.847.776 30 -3
Partij foar de Frijheid (PVV) nasjonalistysk-konservatyf Geert Wilders Geert Wilders 1.453.944 24 +15
Kristen Demokratysk Appèl (CDA) kristendemokratysk Jan Peter Balkenende Sybrand van Haersma Buma 1.281.137 21 -20
Sosjalistyske Partij (SP) sosjalistysk Emile Roemer Emile Roemer 924.977 15 -10
GrienLinks (GL) grien Femke Halsema Jolande Sap 627.912 10 +3
Demokraten 66 (D66) progressyf liberaal Alexander Pechtold Alexander Pechtold 653.265 10 +7
KristenUny (CU) Kristlik-Sosjaal André Rouvoet Arie Slob 305.628 5 -1
Steatkundich Grifformearde Partij (SGP) reformatoarysk Kees van der Staaij Kees van der Staaij 163.512 2 0
Party foar de Bisten (PvdD) bisterjochten Marianne Thieme Marianne Thieme 122.257 2 0

Totaal (opkomst 75.3 %) met 9.435.667 stimmen foar 150 sitten.

Foarsitters[bewurkje seksje | edit source]

Sûnt de ynstelling fan de Twadde Keamer yn 1815 waard de foarsitter beneamd troch de Kroan. Sûnt 1848 hie de Keamer it rjocht in twafâldige foardracht op te meitsjen: de nûmer 1 waard dan beneamd ta foarsitter en nûmer 2 waard earste fise-foarsitter. Yn de grûnwet fan 1983 is opnomd dat de Keamer sels in foarsitter kiest.

Lange tiid waarden efter de skermen ôfspraken makke oer in lykwichtige besetting fan de hege amten als fisepresidint Ried fan Steate en de keamerfoarsitters. Yn 2002 keas de Twadde Keamer foar in iepen proseduere. Frans Weisglas fan de VVD stelde him kandidaat wylst syn partij de posysje tatocht hie oan de ôftredende fise-premier Annemarie Jorritsma. Weisglas joech glâns oan it amt oant syn ôfgean op 29 desimber 2006. Op 6 desimber 2006 is Gerdi Verbeet (PvdA) keazen, boppe bekendere Keamerleden lykas Henk Kamp en Maria van der Hoeven. Op 23 juny 2010 is Gerdi Verbeet wêr keazen boppe Charlie Aptroot (VVD).

Burgers[bewurkje seksje | edit source]

Wie in gearkomst fan de Twadde Keamer yn 1814 yn it earstoan besletten, yn de grûnwet fan 1815 waarden se ûnder druk fan de Belgen iepenbier. Yn 1859 kaam der in perstribune yn de gearkomstseal. Utstjoering fan debatten troch de radio en letter de televyzje hawwe de iepenbierheid tige fergrutte. Sûnt 1968 hâldt de Keamer ek harksittings dêr't deskundige of belanghawwende boargers taljochtings yn jaan kinne oan de Keamer of ien fan har kommisjes.

Sûnt 2006 hat de Keamer it boargerinisjatyf. Kiesgerjochtigden kinne mei 40.000 hântekeningen in ûnderwerp foardrage foar de Keameraginda. Dit ûnderwerp mei net yn striid wêze mei de grûnwet en mei net yn de lêste twa jier yn de Keamer oan de oarder west hawwe. Sûnt 1 jannewaris 2008 kin de aksje foar in boargerinisjatyf ek op it ynternet fierd wurde.

Griffiers[bewurkje seksje | edit source]

Sûn 1 novimber 2004 is Jacqueline Biesheuvel-Vermeijden griffier fan de Twadde Keamer. Hja is de earste frou dy't dit amt beklaait. Sjoch ek list fan griffiers fan de Twadde Keamer fan Steaten-Generaal.

Gebou[bewurkje seksje | edit source]

Yn de hal, de Steatenpassaazje, steane in soad bylden op fuotstikken. Op de earste ferdjiping lizze de grutte gearkomstseal fan de Twadde Keamer en ferskate lytsere gearkomstromtes foar bygelyks kommisjegearkomsten.

Fierders sit yn it gebou noch de Hannelingskeamer, dêr't alle Hannelings fan de Twadde Keamer binne.

Fek K[bewurkje seksje | edit source]

  • Fek K is in part fan de seal fan de Twadde Keamer, dêr't ministers sitte by debatten.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: