Grifformearde Tsjerken frijmakke

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

De Grifformearde Tsjerken frijmakke (GTf) yn Nederland is in protestantsk tsjerkegenoatskip dat ûntstie út de saneamde Frijmakking yn 1944 en neifolgjende jierren. By dy frijmakking spile prof. dr. Klaas Schilder in grute rol.

Namme fan de tsjerke[bewurkje seksje | edit source]

Ut reden fan it grutte belang dat takend waard oan de fuortsetting fan it tinken fan de Reformaasje neamden dizze tsjerken harren offisjeel Grifformearde Tsjerken yn Nederlân; om betizing mei de tsjerken dy't harren bûn fielden mei de útspraken fan de synoade fan de Grifformearde Tsjerken yn Nederlân (neffens de frijmakken stridich mei artikel 31 Doardtske tsjerkeoarder foar te kommen, waard der meast frijmakke oan taheakke. De Grifformearde Tsjerken yn Nederlân wurde synoadaal neamd troch de frijmakken. In âldere oantsjutting fan de GTf is dan ek Grifformearde tsjerken (ûnderhâldende Artikel 31); de leden hjitte dan fan 'artikel 31-ers'.

Lear fan de Tsjerke[bewurkje seksje | edit source]

De kristlike lear giet werom op de persoan en it optreden fan Jezus Kristus. Kristenen belide dat yn Jezus God sels minske wurden is, alhoewol't God bleau, en nei de ierde kommen is is om sûnders te rêden fan de dea, it kwea en de duvel. Dizze rêding kin in minske net fertsjinje, mar wurdt fan God oan eltsenien jûn dy't leaut dat er dy rêding fan noaden hat. Dat wurdt genede neamd, in kearnwurd fan de lear fan de tsjerke. Ets dy't faút de genede libbet sil, troch it wurk fan de Hillige Geast hieltyd mear hannelje op in wize dy't God oanstiet, al sil er noch net hielendal losreitsje kinne fan de sûnde. Yn de Bibel is it beloofde kommen en de betsjutting fan Kristus' komst fêstlein. De kristlike lear hat syn oarsprong yn it boadskip fan de bibel.

Tradysje[bewurkje seksje | edit source]

Neist de Bibel erkenne de grifformearden ek it grutte belang fan de tradysje. It berop op de tradysje soarget derfoar dat de útlis fan it leauwe net beheind bliuwt ta dy fan de no libjende generaasje. Tradysje stiet boarch foar benammen it belûken fan de sjenswize fan eardere generaasjes op it hjoeddeiske hanneljen fan de Tsjerke. Sa wurdt foarm jûn oan de Tsjerke as ivige mienskip - fan no, doe en takomst. Foarbyld fan hanneljen neffens de tradysje binne it hâlden fan (twa) tsjerketsjinsten op snein.

Geskriften[bewurkje seksje | edit source]

Yn de GTf stiet ién samling fan boeken sintraal: de Bibel. Dan binne der noch de Trije Formulieren fan Ienichheid (de Heidelbergske Kategismus, de Nederlânske (Geloofs)belidenis en de Doardtske Learregels) dy't ek fan wêzentlik belang binne.

Untjouwings yn de tsjerken[bewurkje seksje | edit source]

Yn de GTf is der een radikale beweging west dy't miende dat dizze tsjerke de ienichste en wiere iepenbiering fan it lichem fan Kristus yn Nederlân is (de beweging neamde de GTF-leden ek de ware plaatselijken), en dat frijmakken harren eigen organisaasjes oprjochtsje moasten. Ommers, at jo sneins net yn deselde tsjerke sitte kinnea, hoe kin je dan op oare dagen fan de wike gearwurkje? Dizze beweging wurdt wol de trochgeande reformaasje neamd. Sa kaam der in eigen politike partij, in eigen krante en eigen skoallen en ferienings. In gefolch wie dat de frijmakken har ysolearren fan oare ortodoks-protestantske tsjerken.

Nei de tsjerkespjalt yn 1967 dêr't de Nederlânsk Grifformearde Tsjerken út ûntstienen, waard dizze radikale streaming mear sichtber. Nei't ds. Johannes Hoorn út Gruttegast yn 1982 dizze miening op papier set hie, waard dúdlik dat de streaming net represintatyf foar de tsjerke wie. De synoade fan Heemse (1985) sei dêr oer: …de kerk in Nederland en daarbuiten heeft zich nooit in zichzelf opgesloten in de gedachte dat buiten haar grenzen geen reformatorisch werk uit kracht van Gods genade zou zijn op te merken… (Akten fan dizze synoade, bylage B3, haadstik II, artikel 3.5.5). Nei dizze útspraak is it besef dat de eigen tsjerke net de "iene wiere" is, tanomd.

Yn de rin fan de jierren njoggentich kaam der in ein oan de isolaasje fan de frijmakken mei't hja hieltyd mear gearwurking sochten mei oare ortodoks-protestantske tsjerken en frijmakke organisaasjes ek tagonklik foar dy ortodokske kristenen waarden.

Yn 2003 wie der ûngerêstens oer de koers fan dizze tsjerken en ûntstie der in ôfsplitsing dy't harsels de Grifformearde Tsjerke neamt, mar dy't meast de Nije Frijmakke Tsjerken neamd wurde. In part fan de ûngerêsten is lykwols yn de GKf bleaun.

De GKf is no yn petear mei de Kristlike Grifformearde Tsjerken en mei de Nederlâns Grifformearde Tsjerken. Op guon plakken hat dat al ta fúzje laat. Yn Inkhuzen, Harns, Nymwegen, Snits en Veendam binne de CGK en GKf ién wurden. Yn Saandam bestiet in fúzjgemeente fan NGK en GKF. Per 1 oktober 2008 bestienen de GTf út sa'n 270 gemeentes mei in totaal fan 124.710 leden, 500 minder as yn 2007. It tal leden sakket de lêste jierren mei in pear hûndert it jier.

Krante en polityk[bewurkje seksje | edit source]

It Nederlands Dagblad, oprjochte yn 1944, heal om heal in yllegaal blêd, mei de namme Reformatie Stemmen, letter Gereformeerd gezinsblad, gou as de sprekbuis fan de tsjerke. Yn 1959 waard it in deiblêd, sûnt ein 1967 ûnder de namme Nederlands Dagblad. Oant 1974 wie Piet Jongeling haadredakteur. Jongeling wie ek jierrenlang de foaroanman fan it GPV, de politike takke fan de tsjerke (no mei Reformatoryske Politike Federaaasje (RPF) fusearre ta KristenUny), teffens in bekend berneboekeskriuwer. Hoewol't de spesjale bân mei de GTf loslitten is, kin de skriuwstyl fan de krante noch typysk grifformeard neamd wurde.

Tsjerklike organisaasjes[bewurkje seksje | edit source]

Universiteit[bewurkje seksje | edit source]

De GTf hawwe in eigen teologyske universiteit yn Kampen, dy't oantsjut wurdt as de Teologyske Universiteit Kampen (Broederweg).

Skoallen[bewurkje seksje | edit source]

Der binne 171 skoallen fan grifformeard-frijgemakke signatuer, dat wol sizze dy't ferbûn binne oan de GTf. Meast wurde dizze skoallen grifformeard neamd. It giet om de folgjende soarten skoallen:[1]

Literatuer[bewurkje seksje | edit source]

  • Vrijmaking - Wederkeer, Barneveld 1994, redaksje Detmer Deddens en Melis te Velde - tagonklik boek oer ûntstean en skiednisan de GKf
  • Vuur en Vlam, Amsterdam 1994, 1998, 2004, redaksje Roel Kuiper en Willem Bouwman - trilogy krityske beskôging skiednis GTf

Keppelings om utens[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Gereformeerd Onderwijs, Kristlik Underwis