Earste Keamer
De Earste Kamer is ien fan de twa parten fan de Steaten-Generaal. De Earste Keamer hâld him fral dwaande mei de technyske kant fan wetsûntwerpen: past de wet yn de gearhing mei oare wetten en is de wet deeglik. De Keamer hat ien sittingsdei yn 'e wike en hat 75 sitten.
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Foech
De Earste Keamer kin in wetsûntwerp goed- as ôfkarre, de ryksbegrutting goed- as ôfkarre, in debat mei in minister oanfreegje, en in parlemintêre enkête hâlde. In lid fan de Earste Keamer hat kin ek noch de minister oanskriuwe mei fragen.
[bewurkje seksje] Ferkiezings
De Earste Keamer wurdt keazen troch alle Provinsjale Steaten, binne de trije moanne nei de ferkiezings dêrfan. Dy ferkiezing giet mei woegen stimmen: foar alle provinsjes wurdt útrekkene hoefolle ynwenners in lid fan dy Provinsjale Steaten nei ferhâlding fertsjinwurdiget.
[bewurkje seksje] Skiednis
De Keamer is yn 1815 ynsteld, trochdat de Steaten-Generaal opsplitst waard yn twa keamers. Oarspronklik waard alle lidden beneamd troch de kening, mar sûnt 1848 wurde hja keazen troch de Provinsjale Steaten. Oant 1956 hie de Keamer 50 sitten. Oant 1983 wie de sittingstiid foar in lid seis jier, wêrby alle trije jier de helte fan de Keamer op 'e nij keazen waard.