Edith Schippers

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Edith Schippers

Edith Ingeborg Schippers (Utert, 25 augustus 1964) is in Nederlânsk politika foar de Volkspartij voor Vrijheid en Democratie (VVD). Sûnt 14 oktober 2010 is sy Minister fan Folkssûnens, Wolwêzen en Sport (VWS) yn it kabinet-Rutte.

Schippers hat politikology studearre yn Leien. Fan 1993 oant 1994 wie hja de persoanlik meiwurker fan Twadde Keamerlid Dick Dees. Dêrnei wurke sy trije jier as fraksjemeiwurker foar de Twadde Keamerfraksje fan de VVD. Fan 1997 oant 2003 wie Schippers sekretaris sûnenssoarch en arbeidsmerk en sekretaris romtlike oardening fan VNO-NCW.

Fan 3 juny 2003 ôf is hja lid fan de Twadde Keamer. Sy is dwaande mei dingen dy't de folkssûnens oanbelangje, sa as de feroaring fan it soarchstelsel. Op 8 maart 2006 naam sy it ficefraksjefoarsitterskip oer fan Bibi de Vries. Yn 2008 publisearre frou Schippers tegearre mei fraksjegenoate Anouchka van Miltenburg in fraksjenota mei de titel Dichtbij Betere Zorg oer de Nederlânske sûnenssoarch yn de kommende tsien jier. Sy waard yn 2009 lid fan de tydlike kommisje parlemintêr ûndersyk finansjeel stelsel.

By de Twadde Keamerferkiezings yn 2010 stie Schippers op it twadde plak fan de kandidatelist fan de VVD. Yn de kabinetsûnderhannelingen dy't nei de ferkiezingen folgen wie sy ien fan de meast wichtige adviseurs fan Mark Rutte. Yn it kabinet-Rutte is sy minister fan VWS.

Schippers is troud en hat ien dochter.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]