Fraksjefoarsitter

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

De fraksjefoarsitter is de lieder fan in fraksje yn in folksfertsjintwurdiging. Eltse politike partij foarmet in eigen fraksje.

Nederlân[bewurkje seksje | edit source]

Meastal is de polityk lieder fan de partij ek de fraksjefoarsitter, útsein as de polityk lieder al yn it kabinet sit.

De fraksjefoarsitter is it meast wichtich foar de byldfoarming fan de partij yn de media en is wurdfierder by wichtige debatten sa as de algemiene beskôgingen. De fraksjefoarsitter is fierders ek faak ûnderhanneler by kabinetsformaasjes en yn gefal fan in kabinetskris, alhoewol't dit aspekt fan de funksje net wetlik omskreaun is.

De fraksjefoarsitter is net perfoast foarsitter fan de fraksjegearkomsten. By guon partijen docht in oar dat, sadat de fraksjefoarsitter de hannen frij hat om mei te dwaan oan it debat. Meastal wurdt de fraksjefoarsitter bystien troch in fisefraksjefoarsitter, dy't ferantwurdlik is foar it ûnderhâlden fan de fraksjedissipline.

As in politike partij nei de ferkiezings oan it regear dielnimt, komt de fraksjefoarsitter geregeldwei yn de beneaming foar minister-presidint of minister.