Tineke Huizinga

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Tineke Huizinga

Johanna Catharina (Tineke) Huizinga-Heringa (gewoanlik oantsjutten as Tineke Huizinga) (Dantumadiel, 16 febrewaris 1960) is in Fryske politika foar de KristenUny; teffens is hja kollumniste by in oantal blêden.

Sûnt maaie 2002 is hja lid fan de Twadde Keamer foar dizze partij. Har portefúlje befettet bûtenlânske saken en ûntwikkelingsgearwurking, definsje, yntegraasje en frjemdlingebelied, folkshûsfesting en sosjale zaken. Yn 2007 waard hja steatssekretaris fan ferkear en wettersteat yn it kabinet Balkenende.

Biografy[bewurkje seksje | edit source]

Hja waard grutbrocht yn Amersfoart, as dochter fan in skoallehaad en in ûnderwizeresse. Nei it gymnasium studearre se yn 1978 rjochten yn Utert. Hja waard lid fan de studinteferiening Ichthus en learde by de sylkampen fan Ichthus Ruurd Huizinga kennen, har lettere man. Ze troude mei him op 6 april 1982, itselde jier dat se ophold mei har rjochtestúdzje en ferhuze nei It Hearrenfean.

Troch oersetwurk foar de kristlike stifting foar wrâldwiid ferfolge kristenen "Open Doors" kaam hja by FlechtlingenWurk Nederlân. Troch har ynset foar asylsaken en har aktiviteiten op tsjerklik mêd waard se yn 1998 frege om yn It Hearrenfean listlûker foar de doetiidske politike partij de RPF te wurden. Trochdat it proses fan gearfoeging mei it GPV yn de nije partij de KristenUny doe al geande wie, waard hja yn datselde jier noch lid fan dy partij. Nei fjouwer jier gemeenteriedslid west te hawwen, makke hja yn 2002 de oerstap nei it nasjonale parlemint.
As parlemintariër siet hja yn de parlementêre enkêtekommisje Srebrenica dy't fan juny 2002 oant juny 2003 holden waard .

Hja is mem fan trije bern: Martha, Tetta en Kees. Sy is lid fan de Nederlânsk Griffoarmearde Tsjerken.

Femme fatale[bewurkje seksje | edit source]

Tineke Huizinga hat as bynamme femme fatale. Sy krige dy namme mei't hja twa kear troch foarkarstimmen in boppe har pleatste kandidaat fan syn sit ferkrongen hat, nammentlik Eimert van Middelkoop (dy't letter yn de Earste Keamer kaam) en Leen van Dijke (de eardere fraksjefoarsitter fan de KristenUny).

Krityk[bewurkje seksje | edit source]

Oer Huizinga is wolris sein dat de toan fan har debat te jammerdearlik wie.

Boarnen[bewurkje seksje | edit source]