Jeropeesk Parlemint
It Jeropeesk Parlemint is it iennichste orgaan fan de Jeropeeske Uny dat direkt keazen wurdt. De ferkiezings foar it parlemint wurde om de fiif jier hâlden.
Ynhâld |
Skiednis [bewurkje seksje]
Fan 10 oant en mei 13 septimber 1952 hold de foarrinder fan de Jeropeeske Uny, de Jeropeeske Mienskip foar Koalen en Stiel, foar de earste kear in parlemintêre gearkomste. Dy gearkomste bestie út 78 nasjonale fertsjintwurdigers, dy't út de ûnderskate nasjonale parleminten keazen wienen.
Yn 1957 waard mei it Ferdrach fan Rome de Jeropeeske Ekonomyske Mienskip en de Euratom oprjochte. De parlemintêre gearkomste fan de Jeropeeske Mienskip foar Koalen en Stiel fertsjinwurdige tenei alle trije Jeropeeske Mienskippen en it tal sitten gong nei 142. De parlemintêre gearkomste krige gjin nije taken, mar neamde himsels al wol Jeropeesk Parlemint (yn 1986 waard dy namme pas erkend troch de lidsteaten).
Yn juny 1979 wurde foar it earst direkte ferkiezings foar it Jeropeesk Parlemint holden. Troch de ferdraggen fan ûnder oaren Maastricht (1992) en Amsterdam hat it Jeropeesk Parlemint mear foech krigen. It Jeropeesk Parlemint krige stadichoan hieltyd mear oerienkomsten mei parleminten fan nasjonale steaten.
Foech [bewurkje seksje]
Der binne trije haadsaken dêr't it Parlemint him mei dwaande hâldt; wetjouwing, finansiën en tafersjoch op de Jeropeeske Kommisje.
- It Jeropeesk Parlemint is mei de Ried fan Ministers de wetjouwende macht fan de Jeropeeske Uny. It Parlemint kin Jeropeeske wetten (rjochtlinen, feroardenings, ensafh.) oannimme, feroarje of fersmite.
- It Parlemint en Ministerrie beslisse tegearre oer de Jeropeeske begrutting.
- It Parlemint jout goedkar en beneam leden fan de Jeropeeske Kommisje. It Jeropeesk Parlemint kin, as it moat, beslisse om alle leden fan de Jeropeeske Kommisje dien te jaan.
Gearstalling [bewurkje seksje]
It Jeropeesk Parlemint hat 736 sitten.
De sittenferdieling fan it parlemint nei de Jeropeeske ferkiezings fan 2009:
| Namme | Ofkoarting (Ingelsk) | Tal sitten | Ideology |
|---|---|---|---|
| Jeropeeske folkspartij | EPP | 265 | Liberaal konservatisme, Kristen demokrasy, Pro-Jeropa |
| Progressive Alliânsje fan Liberalen en Demokraten | S&D | 184 | Sosjaaldemokrasy |
| Alliânsje fan Liberalen en Demokraten foar Jeropa | ALDE | 85 | Liberalisme, Sosjaal liberalisme, Konservatyf liberalisme |
| De Grienen-Jeropeeske Frije Alliânsje | Greens-EFA | 55 | Griene polityk, Regionalisme |
| Jeropeeske Konservativen en Reformisten | ECR | 54 | Konservatisme, Anty-federalisme |
| Jeropeesk Unytêr Lofts/Noardsk Grien Lofts | EUL/NGL | 35 | Sosjalisme, Kommunisme |
| Jeropa fan Frijheid en Demokrasy | EFD | 31 | Jeroskeptysk, Konservatisme |
| Sûnder fraksje | Non-Inscrits | 27 | - |
| Mei-inoar | 736 |
Sittenferdieling per lân [bewurkje seksje]
Dútslân 99
Frankryk 78
Itaalje 78
Grut-Brittanje 78
Spanje 54
Poalen 54
Roemeenje 35
Nederlân 27
Belgje 24
Grikelân 24
Portegal 24
Tsjechje 24
Hongarije 24
Sweden 19
Eastenryk 18
Bulgarije 18
Denemark 14
Finlân 14
Slowakije 14
Ierlân 13
Litouwen 13
Letlân 9
Sloveenje 7
Estlân 6
Lúksemboarch 6
Syprus 6
Malta 5
Lokaasje [bewurkje seksje]
It Jeropeesk Parlemint komt ien kear yn 'e moanne yn Straasburch byinoar foar in fjouwerdeiske plenêre gearkomste. Ekstra plenêre gearkomsten wurde yn Brussel hâlden. Dêr fine ek alle gearkomsten plak, fan de fêste parlemintêre kommisjes, dêr't plenêre stimmings tarieden wurde. It Siktariaat-generaal sit yn Lúksemboarch.
Net eltsenien is bliid mei dizze ferskillende haadstêden fan Jeropa. One Seat wol bygelyks alle funksjes yn Brussel ha.