Letlân

Ut Wikipedy

Gean nei: navigaasje, sykje
Latvijas Republika
Flagge fan Letlân Wapen fan Letlân
Flagge Wapen
Lokaasje fan Letlân
Offisjele taal Letsk
Haadstêd Riga
Steatsfoarm Republyk
Gebiet
% wetter
64.589 km²
1,5­%
Ynwenners (2008) 2.245.423
Munt Lats (LVL)
Tiidsône UTC +2
Nasjonale feestdei 18 novimber
Lânkoade LVA
Ynternet .lv
Tillefoan 371

Letlân is ien fan de Baltyske steaten yn Noardeast-Jeropa. De haadstêd is Riga en de presidint fan de republyk is sûnt desimber 2004 Aigars Kalvitis. It is it middelste yn grutte en lizzing fan de trije Baltyske lannen.

Ynhâld

[bewurkje seksje] Geografy

Letlân hat trije histoaryske regio's, Kûrlân, Lyflân en de Letgallen. De langste rivieren binne de Daugava en de Gauja. De grutste mar yn Letlân is de Lubāns mei in oerflak fan 80,7 km². De haadstêd Riga is it geografyske middelpunt fan it lân.

Letlân wurdt begrinzge troch:

[bewurkje seksje] Skiednis

Yn de perioade dat Lyflân ûnder Sweedsk bewâld wie boaze de ekonomy fan Kûrlân oan. De Kûrlânske hartoch Frederikssoan Jakob (1642-1682) stifte yn Gambia en Tobago kolony's.

Fan 1941 oant en mei 1944 wie Letlân beset troch Nazi-Dútslân. Yn de tiid fan de Kâlde Kriich wie Letlân as eastbloklân in satellytsteat fan de Sowjetuny. Op 21 augustus 1991 ferklearre Letlân himsels ûnôfhinklik.

[bewurkje seksje] Demografy

Letlân hie yn 2008 2.245.423 ynwenners, wêrfan 59 % Letsk. De Russyske minderheid is de grutste (28,6 %), oare minderheden binne Wyt-Russen (3,8 %), Oekraynjers (2,5 %), Poalen (2,4 %) en Litouwers (1,4 %).

[bewurkje seksje] Gearwurking

It lân is sûnt 1991 lid fan de Feriene Naasjes, sûnt 1995 fan de Rie fan Jeropa en sûnt 2004 fan de Noard-Atlantyske Ferdrachsorganisaasje. Letlân hat him op 1 maaie 2004 oansletten by de Jeropeeske Uny, mar it hat gjin diel oan de monetêre uny.

[bewurkje seksje] Ekonomy

BYP per persoan is $17.700 (2007). Gearstalling fan BYP per sektor is 3,3% lânbou, 22% yndustry en 74,7% tsjinsten.

[bewurkje seksje] Militêr

Struktuer

De Letske definsje hat in lânmacht, loftmacht, marine (ynklusuf kustwacht), grinswacht en in folksmilysje (Latvijas Zemessardze).

Mankracht

Yn 2008 wienen der 568.683 Letske mannen fan tusken de 16-49 jier.
Dêrfan wienen 412.849 fit foar militêre tsjinst.
Dy groep wurdt alle jierren oanfold mei manlju dy't sechtjin jier wurde, yn 2008 wienen dat der 14.506.

Budzjet

Militêr budzjet 87 miljoen (2001).
Persintaazje fan it BYP 1,2 % (2001).

[bewurkje seksje] Transport

Wichtichste havens binne Riga en Ventspils. Riga hat it grutste fleanfjild fan Letlân. De maksimum snelheid op de autodyk is 110 km/h.

Letlân hat (2006):
69.675 km ferhurde dyk.
2.303 km spoardyk.
300 km farwetter.

Aspekten/aksjes
Persoanlike ynstellings
Oare talen