Golf fan Riga

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Lizzing foar de Letske kust
Detailkaart Golf fan Riga

De Golf fan Riga (Estysk: Liivi laht, Letsk: Rīgas jūras līcis) is it part fan de Eastsee tusken de kust fan Letlân, de súdwestkust fan Estlân en it Estyske eilân Saaremaa. It oerflak fan de golf is likernôch 18,000 km². De maksimum djipte is 67 m.

De rivier de Daugava (of Westlike Dvina) mûnet yn dit wetter út: by mûning leit de Letske haadstêd Riga. De Estyske stêd Pärnu is de oare wat gruttere stêd oan de Golf fan Riga. Yn de Golf fan Riga lizze trije ûnbewenne, lytse eilannen, dy't allegear by Estlân hearre: Ruhnu, Kihnu en Abruka.

De Strjitte fan Irbe foarmet de breedste ferbining, fia de Baltyske See, mei de rest fan de Eastsee.