Estlân
|
|||||
| Offisjele taal | Estysk | ||||
| Haadstêd | Tallin | ||||
| Steatsfoarm | Parlamintêre republyk | ||||
| Gebiet % wetter |
45.226 km² 4,6% |
||||
| Ynwenners (2003) | 1.408.556 | ||||
| Munt | Euro (EUR) | ||||
| Tiidsône | UTC +2 | ||||
| Nasjonale feestdei | 24 febrewaris | ||||
| Lânkoade | EST | ||||
| Ynternet | .ee | ||||
| Tillefoan | 372 | ||||
Estlân is in Baltysk lân yn Noardeast-Jeropa. De haadstêd is Tallin en de presidint fan de republyk is sûnt 2001 Arnold Rüütel. It is de noardlikste en de lytste fan de trije Baltyske lannen, en it ûnderskiedt him fan Letlân yn it foarste plak troch de taal: it Estsk is Finoegrysk wylst it Letsk in Baltyske taal is.
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Geografy
[bewurkje seksje] Lizzing
Estlân wurdt begrinzgje troch:
- de Finske Golf yn it noarden,
- Ruslân yn it easten,
- Letlân yn it suden,
- de Golf fan Riga yn it súdwesten,
- de Eastsee yn it westen.
Estlân leit in it eastlik part fan Europa en foarmet tegearre mei Letlân en Litouwen de Baltyske steaten. Estlân is de meast noardlike hjirfan. It lân wurdt begrinzige troch Ruslân yn it easten en Letlân yn it suden. De eastgrins, mei Ruslân, wurdt foar in grut part foarme troch de Peipusmar (3.555 km2) en de Mar fan Pskov, en noardliker troch de rivier de Narva. Allinnich yn it suden hat Estlân gjin natuerlike grins. Oan de noardkante fan it lân leit de Finske Golf en yn it westen leit de Baltyske See. Estlân omslacht 45.228km2, krekt wat grutter as Nederlân.[1]
[bewurkje seksje] Lânskip
Estlân kin geografysk sjoen ferdield wurde yn twa parten. Yn it noarden en westen fan it lân leit it kustgebiet mei feansompen en marren. Hjir lizze hunderten fan eilânnen, wêrfan it grutste part ûnbewenne is en wêrfan guont troch de Sovjet-Uny as militêr terrein brûkt binne. De grutste eilannen binne Sarema en it tichtbeboske Hiiumaa, beide mei in werkenbêr eigen karakter. De noardlike en westlike parten binne troch de tiid hinne troch eroazje fan ferskate iistiden flak wurden. De trochsneed hichte yn it kustgebiet is likernôch 50 meter.[2] It eastlik en súdlik part fan it lân bestiet út mear heuveleftich gebiet, foarme troch sânstien.[2] It heechste punt fan Estlân is de Suur Munamägi (Grutte Aaierberch), dy't oan't de 318 meter rikt. De Suur Munamägi is ek it heechste punt fan alle Baltyske lannen.
Estlân bestiet út in grut tal marren, der binne mear as 1.400 yn it lân, de measten marren binne lyts. De grutste mar is de Peipusmar op de grins mei Ruslân, de mar hat in grutte fan 3.555km2. Ek binne der in soad rivieren yn Estlân. De langsten binne de Võhandu mei in langte fan 162 kilometer, de Pärnu mei 144 kilometer en de Põltsamaa.
[bewurkje seksje] Klimaat
Estlân leit yn it noardlike part fan de tuskenbeideklimaatsône en yn it oergongsgebiet fan see- nei lânklimaat. Omdat Estlân hieltyd troch ferwaarme wurdt troch Waarme Golfstream is it trochstrings wat waarmer as yn de buorlannen. De seizoenen yn Estlân binne allegear likernôch like lang.
De winters binne wiet en myld. De temperatuer kin yn dizze perioade út en troch sakke nei -15 °C, mar dat hâld meastentiids net lang oan. Yn de simmertiid kin it oant wol 30 °C waarm wurde, mar de trochsneed temperatuer yn dizze perioade is 20 °C . Estlân hat oer it algemien koele simmers. Febrewaris is de kâldste moanne fan it jier, july de waarmste.[3]
Delslach falt it heule jier troch. It falt benammen yn koarte, slimme buien. Trochstrings falt der 535 oant 727 milimeter wetter it jier, ôfhinklik fan de lokaasje.[4] De ynlannen binne meastentiids wieter as de kustgebieten. Likernôch 75% fan de delslach falt yn de foarm fan rein, it oare part as snie.[5]
[bewurkje seksje] Skiednis
Foar 1918 hearde Estlân altiten ta ien fan de grutmachten deromhinne: it wie ôfwikselend (foar in part) Deensk, Sweedsk, (foar in part) Poalsk en Russysk. Fierder hat de Dútske Oarder der ieuenlang in wichtige rol spile. Dútsers besetten hêge funksjes yn bestjoer en amtenarij, wylst de Esten arbeid ferrjochten. De emansypaasje fan de Esten en fan de Estske taal kaam pas fan 1800 ôf fan de grûn. Estlân waard yn 1918 in selstannige steat. It ûnôfhinkelyke Estlân waard yn 1940 troch de sovjettroepen beset en, nei in koarte Dútske besetting, yn 1944 by de Sowjetuny ynliifd. Yn 1991 waard Estlân op 'e nij ûnôfhinklik. De jierren fan tanimmende frijens dy't dêr oan foarôfgongen, waarden bekend as de sjongende revolúsje.
[bewurkje seksje] Gearwurking
It lân is sûnt 1991 lid fan de Feriene Naasjes, sûnt 1993 fan de Rie fan Jeropa en sûnt 2004 de Noard-Atlantyske Ferdrachsorganisaasje. Estlân hat him op 1 maaie 2004 oansletten by de Jeropeeske Uny mar it hat gjin diel oan de monetêre uny.
[bewurkje seksje] Demografy
[bewurkje seksje] Befolking
De Esten foarmje mei 68,6% it grutste part fan de befolking. Dêrneist befynt har in grutte Russyske minderheid (25,7%) en lytstere minderheden fan Oekraïeners (2,1%), Witrussen (1,2%) en Finnen (0,8%). Om-ende-by 45% fan de ynwenners fan de haadstêd Tallinn is fan net-Etske komôf. Yn Estlân is ek noch in lytse groep (300) Estske Sweden, dy't yn de 13e en 14e ieu arrivearren.
[bewurkje seksje] Religy
Estlân is op Sina nei it lân mei de minste leauwenden, goed 75% fan de befolking leaut net. De grutste religieuze streaming fan it lân is it Evangelysk luteranisme (14,8%), folge troch it East-Ortodokse Kristendom dat benammen beöefene wurdt troch de Russyske minderheid. Fierders binne der noch wat lytse kloften Katoliken, Jehova's Tsjûgen en Joaden.
[bewurkje seksje] Ekonomy
BYP per persoan is $21.800 (2007). Gearstalling fan BYP per sektor is 3% lânbou, 28,5% yndustry en 68,5% tsjinsten.
[bewurkje seksje] Militêr
- Struktuer
De Estlânske definsje hat in lânmacht, loftmacht mei in aparte 'staf loftferdigening', marine, folksmilysje (Kaitseliit), republikaanske feilichheidstroepen (ynterne feiligens en grinstroepen), maritime grinsferdigening, kustwacht.
Grinstroepen en it Ministearje fan Ynlânske Saken wurde yn kriichstiid part fan de Estlânske definsje. De kustwacht heart yn fredestiid by it Ministearje fan Definsje en yn kriichstiid by de Estlânske marine.
- Mankracht
Yn 2005 wienen der 291.696 Estlânske mannen fan tusken de 16-49 jier.
Dêrfan wienen 200.382 fit foar militêre tsjinst.
Dy groep wurdt alle jierren oanfold mei manlju dy't sechtjin jier wurde, yn 2005 wienen dat der 11.146.
- Budzjet
Militêr budzjet $155 miljoen (2002).
Persintaazje fan it BYP 2 % (2002).
[bewurkje seksje] Ferfier
Wichtichste havens binne Kuivastu, Kunda, Muuga, Tallinn en Virtsu. Tallinn hat it grutste fleanfjild fan Letlân. De wichtichste autodyk is de E 67 "Via Baltica".
Estlân hat (2006):
12.926 km ferhurde dyk.
968 km spoardyk.
320 km farwetter.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
| Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Estonia fan Wikimedia Commons. |