Autodyk

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Autodyk SP 160 yn Brazylje

In autodyk is in dyk foar lange ôfstannen, dy't meast foar snelferkear ornearre is. Der binne twa rydrjochtingen yn tsjinoerstelde rjochtingen, en der binne gjin krusings. In autodyk hat om syn minst twa banen yn beide rjochting, dy't fan inoar skieden wurde troch linen. Men kin oer de ôf- of opreed fan of op de autodyk komme. Om gau op in oare autodyk te kommen binne der ferkearsieren. In autodyk kin oer brêgen en troch tunnels boud wurde. Op de autodyk meist net stilstean of parkeare, dêrfoar binne de tankstasjons en parkearplakken njonken de autodyk, dy't by de autodyk hearre.

Gronology fan it wichtichste barren[bewurkje seksje | edit source]

  • 1921 - De earste autodyk waard yn Berlyn boud, dy wie mar njoggen kilometer. De autodyk waard AVUS (Automobil-Verkehrs- und Übungs-Straße) neamd en wie benammen in race- en testdyk. No is it in part fan de E51 fan Berlyn nei Potsdam.
  • 1923 - Waard der yn Itaalje in twadde (ek lanngere) autodyk fan Milaan nei Como boud.
  • 1932 - Yn Dútslân waard der in tredde autodyk boud fan Keulen nei Bonn; wat no de A555 is.
  • 1935 - De earste echte autodyk tusken Frankfurt en Darmstadt is ree.

Skaaimerk[bewurkje seksje | edit source]

Net alle lannen brûke in autodyksymboal. Der binne hjoed de dei ek ferskillen tusken autodyk, dyk en strjitten dy't bytiden wol wat fan in autodyk hawwe. Omdat de diken yn gâns lannen oars kategorisearre wurde is der net ien boerd dat op de hiele wrâld brûkt wurde kin.

Kleur[bewurkje seksje | edit source]

Yn de measte lannen hawwe de autodykbuorden in blauwe of griene eftergrûn.

Buorden mei in blauwe eftergrûn[bewurkje seksje | edit source]

Zeichen 330.svg
  • Albaanje
  • Belgje*
  • Dútslân
  • Eastenryk
  • Feriene Arabyske Emiraten
  • Frankryk
  • Grut-Brittanje en Noard-Ierlân
  • Hongarije
  • Ierlân
  • Israel
  • Lúksemboarch
  • Nederlân
  • Noarwegen
  • Pakistan
  • Poalen*
  • Portugal
  • Sily
  • Spanje
  • Súd-Afrika
  • Tailân
  • Wyt-Ruslân

*) Buorden, dy't inkeld nei de autodyk ferwize, binne dochs grien.

Buorden mei in griene eftergrûn[bewurkje seksje | edit source]

CH-Hinweissignal-Autobahn.svg
  • Azerbeidzjan
  • Bosnje
  • Bulgarije
  • Denemark
  • Feriene Steaten fan Amearika
  • Feriene Arabyske Emiraten
  • Finnlân
  • Grikelân
  • Itaalje
  • Kanada
  • Kroaasje
  • Litouwen
  • Maleizje
  • Masedoanje
  • Meksiko
  • Roemeenje
  • Ruslân
  • Sweden
  • Switserlân
  • Servje
  • Sina
  • Slowakije
  • Sloveenje
  • Taiwan
  • Tailân (Expressways)
  • Tsjechje
  • Turkije

Maksimum faasje[bewurkje seksje | edit source]

Lân Maksimum faasje (km/h) (2003)
Belgje 120
Denemark 130
Dútslân gjin maksimum - oanrikammondearre faasje = 130
Eastenryk 130
Finlân 120
FSA 105/112/121/129 leit oan hokker steat it is
Frankryk 130
Grut-Brittanje 112
Hongarije 130
Ierlân 120
Japan 100
Nederlân 130
Portugal 120
Sloveenje 130
Sweden 110 120 op de E6
Switserlân 120
Tsjechje 130