Frankfurt am Main
| Frankfurt | |
|---|---|
| Lokaasje yn Dútslân | |
![]() |
|
| Tiid sône : UTC+1/Simmer UTC +2 |
|
| Basis ynformaasje | |
| Tal ynwenners | 670,095Stêd |
| 5,800,000Stêdekloft | |
| Tal ynwenners km² | 2,689 km² Stêd |
| Regear | |
| Lân | Dútslân |
| Dielsteat | Hessen |
| Administrative yndieling | 16 distrikten (Ortsbezirke) |
| Boargemaster | Petra Roth sûnt 1995 |
| Webside | www.frankfurt.de |
Frankfurt (offisjeel Dútsk: Frankfurt am Main) is in stêd yn de provinsje Hessen, (Dútslân) en ek it haadplak fan de gemeente Frankfurt. It is de grutste stêd fan Hessen mei sa'n 670.000 ynwenners (31 maart 2008). Frankfurt is in studintestêd, mei de Johann-Wolfgang Goethe Universiteit. Meiïnoar hawwe de hegeskoallen en universiteit mear as 36.000 studinten.
Ynhâld |
Skiednis [bewurkje seksje]
It histoaryske sintrum fan de stêd wie it Dominsel, in eilân tusken twa tûken fan de Main rivier, dat al sûnt de neolityske tiid bewenne is. Neidat it plak al brûkt waard troch de Kelten, Romeinen en Allemannen, waard it om 600 hinne een keningshôf fan de frankyske Merovingen. Mei it keningshôf waard Frankfurt (as Francofurd, Frankefoarde of foarde fan 'e Franken) it earst neamd yn in oarkonde fan keizer Karel de Grutte yn 794. Roomsk keizer Lodewyk de Dútser keas Frankfurt as plak foar syn residinsje. Yn 1220 krige de stêd de rang fan Frije Ryksstêd en fan 1356 ôf mochten der mei de Gouden Bul karfoarsten keazen wurden. Fan 1562 ôf hat de stêd ek kroaningsstêd fan Dútse keizers west.
Fan 1816 oant 1866 hat Frankfurt de sit fan de Bûnsdei west. Yn de Paulskirche kaam yn 1848 it earste Dútske parlemint gear. Yn 1866 kaam Frankfurt ûnder Prussysk bewâld. Yn de Twadde Wrâldkriich ûndergong Frankfurt ferheftige bombardeminten. Nei de kriich waard de stêd, om har skiednis en gaadlike lokaasje, útstelt as haadstêd fan de Bûnsrepublyk Dútslân, mar der is foar Bonn keazen. Frankfurt is fan 1945 ôf de ekonomyske haadstêd fan it Dútslân.
Hannel en yndustry [bewurkje seksje]
Frankfurt is it finansjele sintrum fan Dútslân, dêrom is de stêd wrâldferneamd. De stêd wurdt beskôge as de haadstêd fan'e dynamyske Rijn-Mainz regio, dy regio is in top-lokaasje foar Jeropeeske bedriuwen. It sintrale plak, mei in poerbêste ynfrastruktuer lykas it grutste fleanfjild fan it Jeropeeske kontinent, meidat ynternasjonale bedriuwen út ferskate sektoaren is it ekonomysk in sterke stêd yn Jeropa.
Finansjeel [bewurkje seksje]
Frankfurt is boppe alles in ferneamde lokaasje wat sinteraasje oanbelanget. Haadkertieren fan'e trije grutste banken fan Dútslân binne fêstige yn it sintrum fan'e stêd Frankfurt. De Deutsche Bank stiet oan de Mainzer Landstraße. In pear strjitten fierder is der de Commerzbank toer, de grutste toer yn Frankfurt mei in hichte fan mear as 300 meter.
Nuver is it haadkertier fan'e Dresdner Bank yn Frankfurt, omdat de namme nei de stêd Dresden ferwiist. It is no in part fan'e Allianz Bank yn Munchen. Frankfurt is ek de stêd fan de grutste Dútske bank Direct Bank, ING. Ferskate wichtige net publike banken binne ek fêstige yn Frankfurt, lykas Bankhaus Metzler en Aufhäuser, Delbrück Bethmann Maffei en BHF-Bank.
By de grutste net-publike banken binne de DZ bank, de Deka, de Frankfurter Sparkasse, en Landesbank Hessen-Thüringen (HELABA). Fierders binne der noch 300 lytsere banken yn de stêd.
Beurs [bewurkje seksje]
Mei de beurs fan Frankfurt, de XETRA, dy't by de Deutsche Börse heart, hat Frankfurt de twadgrutste beurs yn Jeropa, en hja nimt in soad hannel yn Dútslân foar har noed.
Elektroanyske kommunikaasje [bewurkje seksje]
Frankfurt is ek in wichtige lokaasje foar it ynternet yn Dútslân. Frankfurt hat it grutste ynternet wiksel plak, DE-CIX, dêr't domeinnammen fêstlein wurde foar it top-nivo-domein .de.
Abbekaten [bewurkje seksje]
Frankfurt hat de heechste tichtens fan abbekaten yn Dútslân, ien op njoggenennjoggentich.
Nijsgjirrige boukeunst [bewurkje seksje]
Sint Bartolomeus Katedraal [bewurkje seksje]
De Sint Bartolomeus Katedraal (Dom Sankt Bartholomäus) is in Goatysk gebou, dat yn 'e 14e en 15e ieu boud wurden is, mar de fundearring is gâns âlder. It is de grutste tsjerke fan Frankfurt. Fan 1356 ôf waarden keningen fan it Hillige Roomske Ryk keazen yn dizze tsjerke, en fan 1562 oant 1792, waarden der keizers kroand.
Sûnt de 18e ieu wurdt de Sint Bartolomeus tsjerke "de katedraal" neamd, mar de tsjerke hat noch nea in bisdom west. De katedraal baarnde út yn 1867 en waard op 'e nij boud. De toer fan de tsjerke is 95 m.
Römer [bewurkje seksje]
De namme fan it stêdhûs betsjut "Romaansk". Winliken binne de njoggen hûzen boud troch de stêdsrie yn 1405 foar in rike famylje. It hûs yn it midden waard it stêdhûs en waard letter ferbûn mei de gebouwen dêrneist. Boppe is de Kaisersaal (keizerseal) dêr't keizers dy't kroand waarden harren banket holden. De Römer wie oan 'e ein fan de Twadde Wrâldkriich ferwoastige en letter op 'e nij boud.
Alde opera [bewurkje seksje]
De ferneamde âlde opera (Alte Oper) wie yn 1880 boud troch Richard Lucae. It wie ien fan de grutste opera's fan Dútslân oant de Twadde Wrâldkriich. Nei de kriich wie it de "moaist ruïne fan Dútslân". Der is besocht om de tsjerke te sljochtsjen mar waard dochs op 'e nij boud en iepene yn 1981. Hjoed is it in konsertgebou, wylst de operas yn de Oper Frankfurt binne.
Wolkekliuwers [bewurkje seksje]
Frankfurt is de iennige Dútske stêd mei in protte wolkekliuwers, dat binne gebouwen langer as 150 meter. De measte wolkekliuwers binne yn it westlike part fan it sintrum, dat ek bekend is as it finansjele distrikt (Bankenviertel).
De grutste wolkekliuwers yn Frankfurt binne:
- Commerzbank Tower, 259 m — Heechste gebou fan Jeropa (1997–2003), Haadkertier fan de Commerzbank.
- MesseTurm, 257 m — Heechste gebou fan Jeropa (1990–1997).
- Westendstraße 1, 208 m - Haadkertier fan de DZ Bank.
- Maintower, 200 m - Haadkertier fan de Landesbank Hessen-Thüringen mei in iepenbier útsichtferdjipping.
- Trianon, 186 m - Haadkertier fan de DekaBank.
- Silver Tower, 166 m - Heechste gebou fan Dútslân (1978-1990), Haadkertier fan de Dresdner Bank.
- Plaza Büro Center, 159 m - Heechste gebou fan Dútslân (1976-1978).
- Deutsche Bank I, 155 m - Haadkertier fan de Deutsche Bank.
- Deutsche Bank II, 155 m - Haadkertier fan de Deutsche Bank.
- Skyper, 154 m.
Sport [bewurkje seksje]
Frankfurt hat ferskate sportklubs, lykas
- Eintracht Frankfurt, fuotbal
- FSV Frankfurt, fuotbal
- Frankfurt Lions, iis hokky
- Deutsche Bank Skyliners — Basketball
- Frankfurt Galaxy, Amerikaansk fuotbal
Yn 2006 wie Frankfurt ien fan de spylstêden fan it WK fuotbal.
Keppeling om utens [bewurkje seksje]
- WikiSatellyt fan Frankfurt by WikiMapia
- Hiemside stêd Frankfurt
- Travel information for Jews — Yeckes.com — Joadske ferwizing nei de stêd Frankfurt
- Kaart fan Frankfurt/Main
- Frankfurt City Panoramas — Panoramysk byld
- Architecture of Frankfurt — Oer gebouwen
- mear panoramas fan Frankfurt
- Bistetún fan Frankfurt (yn it Ingelsk)
- Altfrankfurt — Priuwke fan Frankfurt wilens en nei de twadde wrâldkriich
