Kassel

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Kassel
Kassel-orangerie-von-schoene-aussicht-v-no.jpg
Sifers
Ynwennertal 194.774 (2007)
Oerflak 106,7 km²
Befolkingstichtens 1824 km²
Hichte 166 m
Polityk
Lân Dútslân
Dielsteat Hessen
Regio Kassel
Boargemaster Bertram Hilgen (SPD)
Oar
Postkoade 34001–34134
Tiidsône CET/CEST (UTC+1/+2)
Koördinaten
Webside Offisjeel webstee

Kassel (oant 1926 Cassel) is in stêd yn Dútslân, lizzend yn de dielsteat Hessen oan de Fulda, en telt hast 200.000 ynwenners. It is it ienige stêdlike sintrum yn it noarden fan Hessen en jildt dêrom as it ekonomyske en kulturele swiertepunt fan de regio. De stêd is benammen ferneamd troch de documenta, in fiif-jierlikse keunstmanifestaasje oer eigentiidske keunst.

Bergpark Wilhelmshöhe; blik op slot en stêd mei Wilhelshöher Allee

Skiednis[bewurkje seksje | edit source]

It âlde riedhûs, boud yn 1404, ôfbrutsen yn 1837, Ludwig Emil Grimm, 1815

Kassel waard foar it earst neamd yn 913. It krige yn 1189 stedsrjochten en waard ûnder Hindrik I fan Hessen haadstêd fan it lângreefskip Hessen. Fan 1567 - 1806 en fan 1813 - 1866 wie it de haadstêd fan Hessen-Kassel. Koart neidat Hessen-Kassel in karfoarstendom waard, besetten de troepen fan Napoleon yn 1806 de stêd, dy't haadstêd waard fan it nij stifte keninkryk Westfalen en residinsje fan Napoleon syn broer Jérôme Bonaparte. Fan 1813 ôf wie it wer in karfoarstendom, mar oan de ein fan de oarloch yn 1866 waard it ynlive troch in agressyf ekspandearjend Pruisen, omdat it - krektas it Hannover - oan de side fan de Eastenrykske Habsburchske monargy stien hie.

In swarte bledside yn de skiednis fan de stêd is de jûn fan de 7e novimber 1938. Sels noch twa dagen foar de beruchte Reichskristallnacht fan 9 op 10 novimber 1938 waarden yn Kassel de synagoge en oare Joadske ynstellingen en gebouwen fernield.

Yn de Twadde Wrâldkriich waarden grutte dielen fan de stêd ferwoaste. It swierste bombardemint barde op 22 oktober 1943. Yn ien nacht tiid kamen 10.000 mensen om it libben en waard 80% fan it wenningebestân ferwoaste. De âlde binnenstêd mei syn protte fakwurkhuzen wie in ideaal doelwyt binnen de strategy fan de saneamde moral bombing. Fosfor- en brânbommen soargen foar in fjoerstoarm, wêroan bygelyks ek de stêden Hamburch en Dresden ten offer foelen.

Nei de oarloch waard de stêd neffens in nij strjitteplan opboud mei in moderne bebouwing. De Treppenstraße waard de earste fuotgongerssône yn de Bûnsrepublyk. De rom opsette stêdeboukundige planning dy't yn de 50-jierren sa modern wie, waard letter yn Dútslân swier bekritisearre.

Yn 1948 besoch Kassel omdôch om haadstêd fan de nije West-Dútske republyk te wurden.

Yn 1960 wie Kassel de earste stêd yn Europa dêr't urbanisearre waskbearen sinjalearre waarden. Op dit momint hat de waskbearepopulaasje yn Kassel de heechste tichtheid fan Europa.

Geografy[bewurkje seksje | edit source]

Kassel leit sa'n 70 km noardwestlik fan it geografyske mulpunt fan Dútslân. Nei Erfurt en Göttingen is Kassel dêrmei de meast sintraal lizzende grutte stêd yn Dútslân. De stêd leit yn it noardlikste diel fan de dielsteat Hessen, flakby de grins mei Nedersaksen, yn it saneamde ‘’Kasseler Becken’’, in grut tsjetteldal wêryn op it leechste punt de wetterrin fan de rivier Fulda rint. Yn dit tsjetteldal leit de stêd oan hast alle siden ynsluten troch fiif middelberchtmes, wêrûnder it Habichtswald yn it westen en it Kaufunger Wald yn it easten. De fiif middelberchtmes binne troch twa ten noarden en ten suden fan de stêd lizzende en yn east-westrjochting ferrinnende berchrêgen mei elkoar ferbûn. Allinnich it hjir en dêr tige smelle dal fan de Fulda trochsnijt it ‘’Kasseler Becken’’ en de ring fan berchrêgen fan it suden nei it noarden.

Musea[bewurkje seksje | edit source]

Herkules stânbyld Wilhelmshöhe

Berne yn Kassel[bewurkje seksje | edit source]

Wikimedia Commons Dit materiaal is beskikber by Wikimedia Commons as Kassel en wurdt mooglik ek brûkt by oare Wiky-projekten.