Finlân
Ut Wikipedy
|
|||||
![]() |
|||||
| Offisjele taal | Finsk Sweedsk |
||||
| Haadstêd | Helsinki | ||||
| Steatsfoarm | Republyk | ||||
| Gebiet % wetter |
337.030 km² 9,4% |
||||
| Ynwenners (2003) | 5.211.311 | ||||
| Munt | Euro (EUR) | ||||
| Tiidsône | UTC +2 | ||||
| Nasjonale feestdei | 6 desimber | ||||
| Lânkoade | FIN | ||||
| Ynternet | .fi | ||||
| Tillefoan | 385 | ||||
Finlân is in Skandinavysk lân yn Noard-Jeropa. De haadstêd fan Finlân is Helsinki en de republyk had mei Tarja Halonen sûnt 2000 de earste froulike presidint. Mei de oare Skandinavyske lannen hat Finlân in sterke histoaryske en kultuerele bân, mar ek organisatoarysk is Finlân lid fan de Noardske Ried.
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Geografy
Finlân wurdt begrinzgje troch:
- Noarwegen yn it noarden;
- Ruslân yn it easten;
- de Finske Golf yn it suden;
- de Eastsee yn it súdwesten;
- Sweden en de Botnyske Golf yn it westen.
De Ålandseilannen foarmje in autonome provinsje fan Finlân.
Finlân wurdt wol it lân fan de tûzen marren neamd. Foaral yn it súdeasten fan it lân lizze talleaze marren en markes. It noardlikste part fan Finlân heart by Laplân, wêr de Lappen of Saami wenje.
[bewurkje seksje] Skiednis
Yn de skriftlike boarnen fan de Romein Tacitus wurdt der foar it earst ferwiist nei de Fenni, in folk yn it noarden fan Finlân, mar hy hied er likegoed de Samy mei bedoele kind. Foar de Wytsingen wie Finlân sawol om de hannel as om plonderingen bekend.
Finlân hearde fan 1200 ôf by Sweden oant it yn 1809 troch Ruslân ferovere waard. Finlân ferklearre himsels ûnôfhinklik yn 1917, en waard yn 1918 erkend. De kommunisten en konservativen bekampen inoar yn de Finske Boargerkriich. De konservativen, stipe troch it Dútske ryk, wûnen de kriich en foarmen in demokrasy. Yn 'e Twadde Wrâldkriich waard Finlân op 'e nij oanfallen troch Ruslân dy't Kareelje beset hold.
Wilens de Kâlde Kriich wie de ynfloed fan de Sowjetuny yn Finlân navenant grut, mar wie dêrfan net in satellytsteat. Mei troch de ein fan de Sowjetuny yn 1991 lei Finlân him mear ta op gearwurking mei West-Jeropa. Ut benaudens foar Ruslân is it lân gjin lid fan de NAFO wurden. Yn 1995 waard Finlân lid fan de Jeropeeske Uny en krige yn 2002 de euro.
[bewurkje seksje] Demografy
Finlân hat sa'n fiif miljoen ynwenners wêrfan it grutste part yn it suden wennet, ien/fiifdepart fan de ynwenners wennet yn of om de stêdekloft Helsinki. Yn Laplân is de befolkinstichtens minder as 2 ynwenners de km². Finsk en Sweedsk binne de offisjele talen yn Finlân. Likernôch 6% fan de befolking hat it Sweedsk as foarste taal, wêrfan it meastepart yn it (súd-)westen wennet. Op de autonome Åland eilannen is de fiertaal Sweedsk. Lykas ek yn Noarwegen en Sweden wenje der yn Finlân de Samy. It Samy is in minderheidstaal mei likernôch 25.000 sprekkers.
[bewurkje seksje] Polityk
De deistige politike saken wurde beskaat troch in ienkeamerparlemint (200 sitten) mei de grûnwet fan 1919. Finlân hat in presidint as polityk lieder dy't om de seis jier keazen wurdt. Alle Finnen dy't 18 jier of âlder binne hawwe stimrjocht.
[bewurkje seksje] Gearwurking
Finlân is sûnt 1955 lid fan de Feriene Naasjes, sûnt 1989 fan de Rie fan Jeropa en sûnt 1995 fan de Jeropeeske Uny.
[bewurkje seksje] Militêr
- Struktuer
De Finske definsje hat in lânmacht, loftmacht, marine (mei kustwacht).
- Mankracht
Yn 2005 wienen der 1.121.275 Finske mannen fan tusken de 16-49 jier.
Dêrfan wienen 913.617 fit foar militêre tsjinst.
Dy groep wurdt alle jierren oanfold mei manlju dy't sechtjin jier wurde, yn 2005 wienen dat der 32.040.
- Budzjet
Militêr budzjet $1,8 miljard (fiskale jier 1998/99).
Persintaazje fan it BYP 2 % (fiskale jier 1998/99).
[bewurkje seksje] Ekonomy
BYP per persoan is $36.000 (2007). Gearstalling fan BYP per sektor is 3,1% lânbou, 32,6% yndustry en 64,3% tsjinsten.
[bewurkje seksje] Transport
Wichtichste havens binne Hamina, Helsinki, Kokkola, Kotka, Naantali, Pori, Raahe, Rauma en Turku. Helsinki hat it grutste fleanfjild fan Finlân. De maksimum snelheid op de autodyk is 100 of 120 km/h.
Finlân hat (2006):
78.821 km ferhurde dyk.
5.741 km spoardyk.
7.842 km farwetter.
