Noardske Ried
|
Nordisk Råd (da, no) |
|
| Offisjele talen | Deensk, Finsk, Yslânsk, Noarsk, Sweedsk |
| Wurktalen | Deensk, Noarsk, Sweedsk |
| Haadkertier | Keappenhaven (Denemarken) |
| Siktaris-generaal | Jan-Erik Enestam |
| Oerflakte - Mei Grienlân |
1.318.412 km² 3.493.000 km² |
| Tal ynwenners - km² |
24.229.610 18,7/km² (6,9/km²)1 |
| Stifte | 1952 (1971)2 |
| Munt | Noarske kroan, Sweedske kroan, Deenske kroan, Yslânske kroan, Euro (Finlân) |
| Tiidsône | UTC 0 tot +2 (-3)1 |
| 1 Mei Grienlân 2 Noardske Ried fan Ministers |
|
De Noardske Ried en de Noardske Ried fan Ministers is in gearwurkingsferbân fan Skandinavyske lannen. De ried waard yn 1952 stifte mei ta doel in mienskiplike arbeidsmerk, feiligens en it frij reizgjen sûnder paspoart yn 'e lidsteaten (inkeld foar ynwenners fan 'e lidsteaten).
Ynhâld |
Lidsteaten [bewurkje seksje]
De neikommende lannen binne lid:
- Lannen:
It haadkertier fan de Ried sit yn Kopenhagen. Yn 'e oare lidsteaten binne der lytsere kantoaren. De Ried hat op himsels gjin foech; as de Ried mei in útstel komt, moat er earst goedkard wurde troch de parleminten fan de oanbelangjende lidsteaten.
Skiednis [bewurkje seksje]
De Noardske Ried is nei de Twadde Wrâldkriich stifte yn 1952. De earste resultaten wienen it foar mekoar krijen fan 'e frije merk ekonomy yn 'e lidsteaten. Oare resultaten binne it frij reizgjen yn 'e lidsteaten foar ynwenners fan 'e lidsteaten. Der ha plannen west om de Noardske Ried krekt as de Jeropeeske Ekonomyske Mienskip yn te organisearjen, dêr't oer ferdrach praat waard. Finlân woe it ferdrach lykwols net ratifisearje. Tenei melden Denemarken en Noarwegen har oan foar it JEM lidmaatskip. Inkeld Denemarken waard yn 1973 lid, Noarwegen hy by in referindum tefolle stimmen tsjin it útstel. Sweden woe ek op himsels bliuwe en gean net yn 'e JEM. Yn 1995 woene Finlân en Sweden wol lid wurde fan 'e Jeropeeske Uny.
Siktaris-generaal [bewurkje seksje]
Noarwegen Emil Vindsetmoe 1971 - 1973
Noarwegen Helge Seip 1973 - 1977
Noarwegen Gudmund Saxrud 1977 - 1982
Finlân Ilkka-Christian Björklund 1982 - 1987
Finlân Gehard af Schultén 1987 - 1989
Noarwegen Jostein Osnes 1990 - 1994
Sweden Anders Wenström 1994 - 1996
Yslân Berglind Ásgeirsdóttir 1996 - 1999
Noarwegen Frida Nokken 1999 - 2007
Finlân Jan-Erik Enestam 2007 -
Noardske Ried fan Ministers [bewurkje seksje]
De Noardske Ried stiet noed foar gearwurking mei de oanbelangjende parleminten. De Noardske Ried fan Ministers, oprjochte yn 1971, hâld him dwaande mei gearwurking tusken de regearingen fan de lidsteaten.
Keppeling om utens [bewurkje seksje]
- Noardske Ried - Offisjele webside