Kopenhagen
Ut Wikipedy
Kopenhagen ((Deensk: København) is de haadstêd fan Denemark. Kopenhagen leit oan de eastkust fan it eilan Seelân (Sjælland) en op it eilân Amager mei útsicht op de Sweedske stêd Malmö yn Skåne oan de oare kant fan de Sont (Øresund). Yn 2004 hie Kopenhagen 502.204 ynwenners en wie dêrmei de grutste stêd fan Denemark.
[bewurkje seksje] De stêd
De measte monumintale gebouwen yn Kopenhagen stamme út de 17e ieu, doe't ûnder Kristiaan IV de stêd opkreaze waard. De binnenstêd is rom opset.
De bútenwiken fan Kopenhagen waarden opset om de wenningneed op te lossen. It binne de wiken Østerbro ("Easterbrêge"), Vesterbro ("Westerbrêge") en Nørrebro ("Noarderbrêge"). Vesterbro is bekend fan it amusementspark Tivoli, Østerbro as in statige wyk wêr't famyljes mei bern wenje en Nørrebro as in folkswyk mei in protte nasjonaliteiten. Sawol Vesterbro as Nørrebro binne de lêste jierren bot feroare, wêrby Nørrebro ien fan de meast hippe útgeanswiken wurden is. Østerbro wurd as moaiste fan de trije "brêgewiken" sjoen.
Troch it groeien fan de stêd, wêrtroch hieltiten mear grûn derby kaam is in oare stêd Frederiksborg hielendal troch Kopenhagen omsletten. Frederiksborg lei west fan Kopenhagen mar wurdt troch Nørrebro en Vesterbro hielendal ynsletten en is dêrtroch in soarte fan eilânstêd binnen de grinzen fan Kopenhagen wurden. Frederiksborg is oant hjoed de dei noch hieltiten gjin part fan Kopenhagen mar hat syn eigen bestjoer en stedhûs.
Strøget (zie foto rechts) is Kopenhagens belangrykste winkelstritte. Hjir binne ferneamde nasjonale produkten te krijen en ek binne der fernaemde ynternasjonale winkels. De winkelstrjitte begjint eins by it Riedhûs (Rådhus), mar fan Nytorv ôf begjint de echte winkelstrjitte dy't trochrint oant Kongens Nytorv wêr't it keninklik teater leit.
Yn de haven stiet it ferneamde byld de lytse seemearmin. Dit lytse byld is inspyrearre troch it mearke fan de Deenske skriuwer Hans Christian Andersen. It byld is net it ienige stânbyld: oeral yn de stêd fynt men stânbylden oan de iepenbiere wei en yn parken. Dêrneist hat Kopenhagen ek noch in grut tal musea.
De fontein fan Gefion of Gefjun (1908) is it grutste monumint yn Kopenhagen en leit net fier fan it byld fan Hans Christian Andersens lytse seemearmin. De Untwerper is Anders Bundgård. De fontein wie in kado fan it Carlsbergfond oan de stêd Kopenhagen. Oarspronklik wie it bedoeld foar it Rådhusplads, mar it is úteinlik oan it ein fan de Amaliegade delset tsjinoer Kastellet, de festing fan Kopenhagen.
Nyhavn is, neist "de lytse seemearmin" in toeristyske trekpleister. De huzerige yn ferskillende kleuren, oan it haventsje Nyhavn, wêr ek de kanaalboaten fertrekke, is ien fan de meast populêre toeristeplaatjes yn de fakansjeboeken. Yn ien fan de kleurde huzen hat Hans Christian Andersen noch wenne.
In apart stikje fan Kopenhagen is de hippiewyk Frijstêd Christiania, yn 1970 oprjochte op it terrein fan in oerstallige kazerne.
De stêd is sûnt de simmer fan 2000 mei Malmö yn Sweden ferbûn troch de 18 kilometer lange Sontbrêge (Øresundsbroen), in kombinearre brêg en tunnel. Hjirtroch is het mooglik om streekrjocht mei trein as auto nei Malmö te reizgjen. Dêrtroch kin men in sa'n 45 minuten it sintrum fan Malmö berikke. Mar ek in protte Sweden meie graach in jûntsje op stap gean yn Kopenhagen.

