Parlemintêre republyk

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Wrâldkaart mei ferskate regearingsfoarmen. De parlemintêre republiken binne oranje.

In parlementêre republyk is in republyk neffens in demokratysk systeem, dêr't it parlemint ûnder lieding fan in presidint en syn ministers it heechste bestjoerlike foech hat.

Krektlyk as by in konstitusjonele monargy binne by in parlemintêre republyk de ministers ferantwurdlik skuldich oan de folksfertsjintwurdiging. Dat is oars as yn in presidinsjele republyk, dêr't de ministers har foar de presidint ferantwurdzje moatte.

Yn in parlemintêre republyk hat it haad fan de steat (presidint) benammen in seremoniële funksje. Dat is oars as yn in semy-presidinsjeel systeem, dêr't it haad fan de steat de effektive macht yn hannen hat.

In grut part fan de parlemintêre republiken binne benammen yn Europa en Azië werom te finen.