Tsjechje

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Česká republika
Flagge fan Tsjechje Wapen fan Tsjechje
Flagge Wapen
Lokaasje fan Tsjechje
Offisjele taal Tsjechysk
Haadstêd Praach
Steatsfoarm Republyk
Gebiet
% wetter
78.866 km²
2,0­%
Ynwenners (2007) 10.350.000
Munt Koruna (CZK)
Tiidsône UTC +1
Nasjonale feestdei 28 oktober
Lânkoade CZE
Ynternet .cz
Tillefoan 420

Tsjechje is in lân yn Midden-Jeropa. De haadstêd is Praach en de presidint fan de republyk is sûnt 2003 Milos Zeman

Tsjechje leit foar in part yn de histoaryske regio's fan de Bohemen en Moraavje, foar in lyts part yn Sileezje. It lân hat in bercheftich gea mei de Sněžka (1,602 m) as heechste punt.

De haadstêd Praach leit yn 'e midden fan Tsjechje, oare stêden mei mear as 100.000 ynwenners binne Brno, Olomouc, Ostrava en Pilsen.

Tsjechje wurdt begrinzge troch:

Skiednis[bewurkje seksje | edit source]

Yn 'e midsieuwen wienen de histoaryske regio's fan Tsjechje, Bohemen en Moraavje, in part fan it Hillige Roomske Ryk. Yn 'e Twadde Wrâldkriich waard it Sudetelân aneksearre troch Nazi-Dútslân. Yn it tiidrek fan de Kâlde Kriich wie Tsjechje gearfoege mei Slowakije ta Tsjechoslowakije as in satellytsteat fan de Sowjetuny. Sûnt 1 jannewaris 1993 is Tsjechje in selsstannich lân, sûnder Slowakije en it Kommunistysk bewâld.

Demografy[bewurkje seksje | edit source]

Yn 2007 hie Tsjechje 10,3 miljoen ynwenners. De grutste minderheden binne dy fan de Dútsers, Slowaken, Poalen en Roma. Tsjechysk is de amtlike taal en memmetaal foar 97 % fan de ynwenners. Yn it noardwesten binne 50.000 minsken dy't Dútsk as memmetaal hawwe, yn it noarden binne der 50.000 minsken dy't Poalsk as memmetaal hawwe. Likernôch 140.000 minsken yn Tsjechje prate it Romany. De grutste tsjerke yn it lân is de Ortodokske Tsjerke.

Polityk[bewurkje seksje | edit source]

Tsjechje is sûnt 1993 lid fan de Feriene Naasjes. It lân waard 30 juny 1993 lid fan de Rie fan Jeropa en is sûnt 1999 lid fan de Noard-Atlantyske Ferdrachsorganisaasje. Yn 2004 is Tsjechje lid wurden fan de Jeropeeske Uny, mar it hat gjin diel oan de monetêre uny.

Bestjoerlike yndieling[bewurkje seksje | edit source]

Tsjechje is bestjoerlik ferdield oer fjirtjin regio's (Tsjechysk: kraj). De regio's binne wer ferdield yn 6249 gemeenten.[1] Tusken de regio's en de gemeenten sit in bestjoerlike laach fan 77 distrikten (okres). Offisjeel wurde de bestjoerlike okresy sûnt 2003 net mear brûkt, foar de gebietsyndieling lit it âlde bestjoerlike elemint him noch wol brûke. De Tsjechyske haadstêd Praach is sawol gemeente as regio en distrikt.

De regio's binne:

  1. Karlsbad
  2. Ústí nad Labem
  3. Liberec
  4. Hradec Králové
  5. Pardubice
  6. Olomouc
  7. Moravysk-Silezyske Regio
Kaart fan Tsjechje
  1. Pilsen
  2. Midden-Bohemen
  3. Praach
  4. Súd-Boheemske Regio
  5. Vysočina
  6. Súd-Moravyske Regio
  7. Zlín

Ekonomy[bewurkje seksje | edit source]

Škoda Auto is de grutste auto fabrikant yn Sintraal Jeropa.

BYP per persoan is $24,500 (2007). Gearstalling fan BYP per sektor is 2,7% lânbou, 38,7% yndustry en 58,6% tsjinsten. De Tsjechyske ekonomy is stabyl en docht it better as oare eastblok lannen. Diplomearre en goedkeape arbeidskrêften, lidmaatskip fan de Jeropeeske Uny en in sintraal plak yn Jeropa ha de kaaifaktoaren west foar bûtenlânske ynvestearders nei de kommunistyske tiid. Tsjechje sil neffens de plenning yn 2012 by de eurosône komme. In lytse, iepen, op eksport basearre ekonomy hie in jierlikse ekonomyske groei fan 6% yn 2005-2007. De konservative Tsjechyske ekonomy hat oant no ta noch net sa'n protte skea ûnderfûn fan de kredytkrisis, alhoewol't de ekonomyske groei yn it lêste fearnsjier fan 2008 tebekrûn. Dy weromfal hat te krijen mei de minderjende eksport nei West-Jeropa.

Militêr[bewurkje seksje | edit source]

Tsjechyske Saab JAS 39 Gripen
Struktuer

De Tsjechyske definsje hat in Sintrale Troepen Kommando (mei lânmacht en loftmacht) en Training Troepen Kommando.

Mankracht

Yn 2008 wienen der 2.522.383 Tsjechyske mannen fan tusken de 16-49 jier.
Dêrfan wienen 2.100.789 fit foar militêre tsjinst.
Dy groep wurdt alle jierren oanfold mei manlju dy't sechtjin jier wurde, yn 2008 wienen dat der 63.124.

Budzjet

Militêr budzjet $2,17 miljard (2004).
Persintaazje fan it BYP 1,81 % (2005).

Transport[bewurkje seksje | edit source]

Praach hat it grutste fleanfjild fan Tsjechje (11,6 miljoen passazjiers yn 2006). De maksimum snelheid op de autodyk is 130 km/h.

Tsjechje hat (2006):
128.512 km ferhurde dyk.
9.597 km spoardyk.
664 km farwetter.

Ferneamde Tsjechen[bewurkje seksje | edit source]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]

Wikiatlas Wikimedia-atlas: Tsjechje – geografyske en histoaryske kaarten
Commons Commons: Tsjechje – foto, fideo en harktriemmen

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Číselník obcí (CISOB), Český statistický úřad, 16 jannewaris 2008
 
Jeropeeske Uny
Flagge fan de Jeropeeske Uny
Belgje - Bulgarije - Denemark - Dútslân - Eastenryk - Estlân - Finlân - Frankryk - Grikelân - Grut-Brittanje - Hongarije - Ierlân - Itaalje - Kroaasje - Letlân - Litouwen - Lúksemboarch - Malta - Nederlân - Poalen - Portegal - Roemeenje - Sloveenje - Slowakije - Spanje - Sweden - Syprus - Tsjechje