Brno
Ut Wikipedy
Brno (Dútsk: Brünn) is de grutste stêd fan Moraavje en de twadgrutste stêd fan Tsjechje dêr't sa'n 400.000 minsken wenje. De rivieren Svitava en Svratka streame troch de stêd. Oant 1945 wenne der in Dútske mienskip yn 'e stêd mar dy waard fuort nei de Twadde Wrâldkriich fuortjage troch de Tsjechyske ynwenners. De Masaryk Universiteit yn Brno waard oprjochte yn 1919.