Saab JAS 39 Gripen
Ut Wikipedy
| Saab JAS39 Gripen | |
|---|---|
| Fabrikant | Saab |
| Earste flecht | 9 desimber 1988 |
De Saab JAS 39 Gripen is in Sweedsk meardoelfjochtfleanmasine en de opfolger fan de „SAAB 37 Viggen“.
De prototipen fleagen fan 1988 ôf en de hjoeddeiske ferzje – JAS 39C/D – wurdt sûnt 2005 troch de Sweedske Loftmacht (Flygvapnet) brûkt. De loftmachten fan Tsjechje, Hongarije, Súd-Afrika en Tailân hawwe ek Saab Gripen.
De Sweedske Loftmacht hie de eask dat de nije fleanmasine opstrike en delkomme koe op in lâningsbaan net langer as 800 m.
[bewurkje seksje] Farianten
- JAS 39A
- De fjochtferzje dy't yn 1996 yntrodusearre waard yn de Sweedske Loftmacht. 31 sille modifisearre en fernijd wurde ta de C/D standert.
- JAS 39B
- Twa-sit ferzje fan de A fariant.
- JAS 39C
- Ferzje dy't oan de NAFO standert foldocht.
- JAS 39D
- Twa-sit ferzje fan de C fariant.
- Gripen E/F
- Takomstferzje.
[bewurkje seksje] Ungemakken
Der hawwe oant no ta fiif ûngemakken west mei de Saab Gripen. Nei de earste twa ûngemakken (1989 en by in fleanshow yn Stockholm yn 1993) soe de fleanmasine neffens de pars net feilich genôch wêze. By alle fiif ûngemakken hawwe de piloaten it libben hâlden.

