Tailân

Ut Wikipedy
ราชอาณาจักรไทย
Ratcha Anachak Thai
Kingdom of Thailand
Flagge fan Tailân Wapen fan Tailân
Flagge Wapen
Lokaasje fan Tailân
Offisjele taal Tai
Haadstêd Bangkok
Steatsfoarm (Konstitúsjonele) monargy
Ynwenners (2002) 62.354.402
Munt Baht (THB)
Tiidsône UTC +7
Nasjonale feestdei 5 desimber
Lânkoade THA
Ynternet .th
Tillefoan 66
Kaart fan Tailân
Kaart fan Tailân

Tailân, folút Keninkryk Tailân, is in keninkryk yn Súdeast-Aazje. De haadstêd fan it lân is Bangkok.

Namme[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Oant 11 maaie 1949 wie Siam de namme fan it lân. It part tai fan de namme betsjut frij, yn de Taiske taal, mar it is ek de namme fan de grutste befolkingsgroep. Troch oare befolkingsgroepen wurdt dêrom hieltiid ek noch de namme Siam brûkt.

Geografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Lizzing[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Tailân wurdt begrinzge troch:

Lânskip[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn it noarden fan Tailân lizze bergen en bestiet foar in grut diel út bosk. De heechste berch is de Doi Inthanon op 2590 meter hichte.

Bercheftich lânskip yn noarden fan Tailân.

Yn dit gebiet rinne in protte rivierkes troch djippe falleien nei it sintrum fan it lân, in gebiet dat tige fruchtber is.

Fan it noarden út fierder eastliker, leit it Khorat Plato op in hichte fan trochstrings 250 meter boppe seenivo, dêr't it lân skrok en ûnherberchsum is. Parten dêrfan binne sa ûnfruchtber en sjogge der sa skraal út dat it gebiet ek wol de Gûlende Flakte neamd wurdt.

Fierder nei it suden leit in gebiet mei rivieren. De haadstêd fan Tailân, Bangkok, leit oan de útrin fan de Chao Phraya-rivier, dêr't dizze útmûnet yn de Golf fan Tailân.

It suden fan Tailân leit op in smel skiereilân Malakka, tusken de Golf en de Andamanske See. Dit diel fan it lân bestiet út in rige bergen dy't begroeid is mei tropyske reinwâlden. Tige nijsgjirrich binne hjir de kearsrjocht omheech rizende kalkstienrotsen.

Foar de kust lizze hûnderten lytse eilantsjes.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn de 13e iuw waard yn Tailân it keninkryk Siam stiften, dêr't Bangkok yn 1782 de nije haadstêd fan waard. Yn de 19e iuw moast it keninkryk grûnbesit ôfstean oan Ingelân en Frankryk, mar koe wol selsstannich bliuwe.

Yn 1932 liede in steatsgreep ta in konstitúsjonele monargy. Sûnt de Twadde Wrâldkriich wurdt de foarming fan in moderne steat hieltyd tsjinholden troch binnenlânske ûnrest. Yn 1978 is de nije grûnwet fan krêft dy't it twa-keamer parlemint de wetjouwende macht takend.

Demografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Befolking[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Taiske befolking bestiet foar likernôch 90% út Tai. De grutste minderheidsgroep wurdt foarme troch de Sjinezen, dy't har lykwols hiel bot mei de Tai fermongen hawwe.

De Tai lutsen yn kloften sûnt de 10e iuw stadichoan it lân yn fanút it suden fan Sina. Yn Tailân fermongen sy har mei de Kmers, de Mons en oare folken dy't dêr wennen. Yn de 13e iuw waarden sy de wichtichste befolkingsgroep en ûntstienen der ferskate Tai-riken.

Yn de noardlike provinsjes wennet in ferskaat oan etnyske minderheden û.o. Akha, Lisu, Karen en Hmong. De measten binne berchbewenners dy't sûnt foarige iuw Tailân yn kamen fanút it noarden.

Taal[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De offisjele taal is it Tai, dat de memmetaal is fan likernôch 90% fan de befolking. Dêrneist hawwe de berchfolken har eigen talen.

Religy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Teravada is in foarm fan boedisme yn Tailand.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]