Madeara

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Madeara
Flagge Wapen
Flag of Madeira.svg Nog geen wapen
Lokaasje yn Portegal
LocationMadeira.png
Algemien
Haadstêd Funchal
Oerflakte 797
Befolking 250.000
Befolkingstichtens 300
Oare ynformaasje
Heechste punt
Provinsjes
Kaart fan Madeara

Madeara is in eilân yn de Atlantyske Oseaan, ûngefear 700 kilometer westlik fan Afrika en 1000 kilometer súdwestlik fan de Portugeeske kust. Tegearre mei Porto Santo en it mear nei it suden ta lizzend Ilhas Desertas en de Ilhas Selvagens foarmet it de arsjipel en autonome regio Madeara fan Portegal. De Azoaren hawwe binnen Portegal deselde status. De grutste stêd op Madeara en tagelyk de haadstêd fan de autonome regio is Funchal.

It klimaat op Madeara is tige myld (temperatuer leit meastentiids tusken de 16 en 22 °C.) en is fanwege de natoer, in protte bosken en bergen populêr by kuierders en natoerleafhawwers. Omdat de kust benammen út steile rotswannen bestiet en sânstrannen sawat net foarkomme, komt op Madeara gjin massatoerisme foar. De eilannen hawwe in fulkanyske oarsprong. De heechste berch is de Pico Ruivo (1862 m).

De bekendste spesjaliteit fan Madeara is de sterke wyn dy't nei it eilân ferneamd is. Utsein de Madeara wyn is it eilân ek bekend troch de espada; in lange swarte fisk dy't op in protte ferskillende wizen tamakke wurde kin.

Tige karakterisearre foar it eilân binne de protte eksoatyske blommen dy't yn it wyld foarkomme. It eilân wurdt dêrtroch ek wol it blommeneilân neamd. Bûten de Kanaryske Eilannen is Madeara it ienige plak dêr't de kanary yn it wyld foarkomt.

Madeara wurdt skaaimerke troch syn unike netwurk fan yrrigaasjekanalen, de levada's: smelle yrrigaasjekanalen dy't oer it hiele eilân troch de bergen hinne oanlein binne. Troch de steile noardkust, is de kolonisaasje fan it eilân begûn oan de minder steile súdkust, dêr't ek de haadstêd leit. It wetter waard fanút de bergen yn it noarden fia de levada's nei it relatyf skrokke suden brocht. Lâns de levada's waarden eartiids kuierpaden oanlein om't ûnderhâldswurksumheden makliker te meitsjen. Op guon plakken binne dizze paadsjes mar 20 sintimeter breed en rinne tichtby in steile ôfgrûn. Op oare plakken kinne sy wol 2 meter breed wêze. At je goed op de boerden lette en eventuele advizen fan de lokale befolking opfolgje, binne dy paden goed om te kuieren.

Bestjoerlike yndieling[bewurkje seksje | edit source]

Madeara is opdield yn de folgjende gemeenten:

Fotogalery[bewurkje seksje | edit source]

Berne op Madezra[bewurkje seksje | edit source]