Praach

Ut Wikipedy
Praach
Praha
Polityk
Lân Tsjechje
Regio (kraj) Praach
Distrik (okres) Praach
Boargemaster Adriana Krnácová (ANO)
Sifers
Ynwennertal 1.243.201 (2014)
Oerflak 496 km²
Hichte 177 - 399 m
Oar
Stifting om 885
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 50° 05' N, 14° 25' E
Offisjele webside
www.praha.eu
Plein yn 'e âlde stêd
Sicht op Malá Strana fan de Hradčany ôf
Karelsbrêge

Praach (Tsjechysk: Praha) is de haadstêd en grutste stêd fan Tsjechje en leit oan rivier de Moldau (Tsjechysk: Vltava). Yn 2005 hat de stêd 1.181.610 ynwenners en in oerflak fan 496 km².

De universiteit fan Praach, de Karlsuniversiteit, is stifte yn 1348 troch kening Karl IV en is de âldste universiteit fan Sintraal-Europa benoarden de Alpen en beëasten de Ryn. Sûnt 1992 stiet it âlde stêdssintrum op de UNESCO-wrâlderfgoedlist.

Praach leit yn de histoaryske regio Bohemen, dat tegearre mei Moraavje Tsjechje foarmet. Bohemen wie eartiids in keninkryk, mar troch ferskate houliken mei Habsburchske foarsten waard it lân yn 1526 part fan de Habsburchske dynasty. Tagelyk waard Bohemen in Eastenrykske provinsje dat ta gefolch hie dat Praach Dútsktalich waard. Ferneamde Dútsktalige skriuwers en dichters, lykas Franz Kafka en Rainer Maria Rilke, binne hikke en tein yn Praach.

Hjoed-de-dei is Praach benammen om syn ferskate boustilen in nijsgjirrich plak foar toeristen.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Praach waard stifte yn de 9e iuw.
  • 973, oprjochting Bisdom fan Praach.
  • 1784, gearfoeging fan de Alde stêd, Nijstêd, Malá Strana en Hradčany.
  • 1918, Tsjechoslowakije wurdt ûnôfhinklik mei Praach as haadstêd.
  • 1968, Praachske maitiid.
  • 1993, Praach wurdt haadstêd fan Tsjechje.
  • 2002, oerstreaming fan rivier de Moldau.

Transport[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ruzyně International Airport leit oan de westside fan de stêd. Om troch de stêd te reizgjen is der in goed netwurk fan trams, bussen en metro's. De trije metrolinen (A-grien, B-giel, C-read) kruse inoar yn it sintrum fan de stêd. Der binne mooglikheden om deikaarten of wykeinkaarten te keapjen foar tram, bus en metro.

Ferneamde ynwenners[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]