Tsjechysk

Ut Wikipedy

Gean nei: navigaasje, sykje
Tsjechysk
oare namme(n):
Ingelske namme: Czech
eigen namme: čeština of český jazyk
sprutsen yn: Tsjechje, Slowakije, Eastenryk, Tsjechen om utens
taalgebiet: Tsjechje, Slowakije, Eastenryk
tal sprekkers ([[{{{teljier}}}]]): 12 miljoen memmetaalsprekkers
dialekten:  ?
taalklassifikaasje: Yndo-Jeropeesk
skrift: it Latynske alfabet
bibeloersetting:  ?
taalstatus: Tsjechje
taalkoade ISO 639-1: cs
taalkoade ISO 639-2: cze/ces

It Tsjechysk (čeština, český jazyk) is in West-Slavyske taal mei likernôch 12 miljoen sprekkers. Tsjechysk wurdt benammen sprutsen yn Tsjechje (10,2 miljoen minsken), mar ek yn oanswettende lannen sa as Slowakije en Eastenryk. Yn de Feriene Steaten en Kanada wenje Tsjechen om utens dy't de taal dêr libben hâlde. Sûnt 1 maaie 2004 is Tsjechysk ien fan de offisjele wurktalen fan de Jeropeeske Uny.

It Tsjechysk is as West-Slavyske taal nau besibbe oan it Slowaaksk, Sorbysk en Poalsk. Der binne gjin swierrichheden as it om de fersteanberens tusken Slowaaksk en Tsjechysk giet.

[bewurkje seksje] Alfabet

It Tsjechysk wurdt skreaun mei it Latynske alfabet, mei diakretyske tekens sa as de háček (ˇ), it accent aigu (čárka, ´) en de korona (kroužek, ˚).

It Tsjechyske alfabet is as folget:

Aa, (Áá), Bb, Cc, Čč, Dd, (Ďď), Ee, (Éé), (Ěě), Ff, Gg, Hh, Chch, Ii, (Íí), Jj, Kk, Ll, Mm, Nn, (Ňň), Oo, (Óó), Pp, Qq, Rr, Řř, Ss, Šš, Tt, (Ťť), Uu, (Úú), (Ůů), Vv, Ww, Xx, Yy, (Ýý), Zz, Žž
Aspekten/aksjes
Persoanlike ynstellings