Sorbysk

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Sorbysk (Ελληνικά)
Sprutsen yn: Brandenboarch Dútslân

Saksen Dútslân

Tal sprekkers: 50.000
taalklassifikaasje: Slavysk - Sorbysk
Offisjele status
Offisjele taal yn: Dútslân en de Europeeske Uny
Taalorganisaasje: Domowina
Taalkoades
ISO 639-1 -
ISO 639-2 wen (Taalkloft)

hsb (Heechsorbysk)
dsb (Leechsorbysk)

ISO 639-2 hsb (Heechsorbysk)

dsb (Leechsorbysk)

It Sorbysk is in West-Slavyske taal, dat praat wurdt yn Lausitz (Łužica), in gebiet yn it easten fan Saksen (Sakska) en it súdeasten fan Brandenboarch (Bramborska). De Sorben waarden eartiids, krektlykas de Karyntyske Slovenen, in oare Slavyske minderheid, ek wol Wenden neamd. Dy namme wurdt hjoed de dei as misledigjend beskôge.

Twatalich plaknamboerd fan Bautzen
Twatalich titelblêd fan de earste folsleine (evangelyske) bibeloersetting fan de Heech-Sorbyske taal út 1728

Skift[bewurkje seksje | edit source]

It Sorbysk, wat sa'n 50.000 sprekkers hat, wurdt yndield yn twa farianten: Heechsorbysk en Leechsorbysk. It Heechsorbyske, wat de measte sprekkers hat, wurdt praat om de stêd Bautzen (Budyšin) hinne, it Leechsorbyske om Cottbus (Chośebuz) hinne. De beide stêden binne ek kulturele sintrums foar de Sorben, mar de sprekkers fan it Sorbysk libje yn de doarpen om de stêd hinne en net yn de stêd sels.

Ferlikingtabel fan talen:

Frysk Seelterfrysk Heechsorbysk Leechsorbysk Poalsk Tsjechysk Russysk
jûn Äiwend wječor wjacor wieczór večer večer
Broer Bruur bratr bratš brat bratr brat
dei Dai dźeń źeń dzień den den
hûn Hounde ruka ruka ręka ruka ruka
hjerst Häärst nazyma nazymje jesień podzim osen
snie Snee sněh sněg śnieg sníh sneg
simmer Suumer lěćo lěśe lato léto leto
suster Suster sotra sotša siostra sestra sestra
fisk Fisk ryba ryba ryba ryba ryba
fjoer Fjuur woheń wogeń ogień oheň ogon
wetter Woater woda woda woda voda voda
wyn Wiend wětřik, wětr wětš wiatr vítr veter
winter Winter zyma zymje zima zima zima

Skiednis[bewurkje seksje | edit source]

De earste skreaune Sorbyske tekst datearret út de 16e ieu. Beide Sorbyske talen hawwe elts in eigen skriuwwize. Sorbysk en Sloveensk binne - tegearre mei it Noard-Frysk - de iennichste Jeropeeske talen, dy it twa Dual (twatal) noch njonken it iental en martal aktyf brûke. It Heechsorbyske is mear allyk it Tjechysk en it Leechsorbysk hat wat mear fan Poalsk. De Leech-Sorben en de Poalen wenje oars earst sûnt de ein fan de Twadde Wrâldkriich ticht byinoar.

Status[bewurkje seksje | edit source]

De oerhearskjende taal yn it wengebiet fan de Sorben is hjoed it Dútsk. It Dútsk hat it Sorbysk en oare Slavyske talen al fier werom krongen. Eartiids waarden yn grutte dielen fan it eastlike Dútslân Slavyske talen praat, as foarbyld sels om Lüchow yn Leechsaksen ta. In soad stêdsnammen tsjûgje dêr noch fan, as Berlyn, Chemnitz en Dresden (Drježdźany).

Gebiet dêr't de Sorben libje

De Sorben yn Saksen binne, mei troch de binende faktor fan de Katolike Tsjerke, bêst sterk meiïnoar. Dêrtroch it tal sprekkers fan de lytse taal relatyf stabyl.

Yn de DDR-tiid gauwen de Sorben as foarbyld foar de minderhedefreonlikens fan it Kommunistyske rezjym. Sorbyske kultuermanifestaasjes krigen goede finansjele stipe. Sa hie it lytse Sorbyske selskip in eigen radiostjoerder, kranten en tiidskriften yn de eigen taal en guon Sorbysktalige of twatalige skoallen.

As sintrale kulturele organisaasje fungearret de saneamde Domowina. Wylst de Sorbyske taal net folle praat wurdt yn Bautzen, is de Sorbyske taal rûnom, op strjitnambuorden, op winkels en sels yn guon winkels op de priiskaartsjes en kwitânsjes. It Dútske regear hat it Sorbysk amtlik as minderheidstaal erkend en troch it ûnderskriuwen en ratifisearjen fan de Jeropeeske Charta fan de regionaal- of minderheidstalen de ferplichtings oernommen, dat Sorbyske te hoedzjen en te noedzjen.

It Sorbyske WITAJ (wolkom)-bernsoere lûkt bûten Sorbysktalige ek folle Dútsktalige skoalbern. Nei it folgjen fan in twatalige of in Sorbysktalige basisskoallen kinne skoalbern nei it Sorbyske Gynasium yn Bautzen of nei de Sorbyske middelskoallen yn Radibor (Radwor) en Bautzen. Der is gjin Sorbysktalige hegeskoalle. It is wol mooglik om yn Leipzig (Lipsk) in universitêre stúdzje Sorabistyk te dwaan.

Brúnkoal[bewurkje seksje | edit source]

In oar ding út de DDR-tiid is it Brúnkoal winnen, wêrfoar al ferskate Sorbyske doarpen weiwurde moasten. Troch útinoarfallen fan de Sorbysktalige mienskip, dy't nei de twongen ferhuzing faak ferdield yn 'e omkriten libje, stiet de posysje fan de taal faai. Nei de werieniging fan Dútslân is it brúnkoal winnen gewoan fierder gong. Nettsjinsteande de protesten is om 2000 it doarp Horno oant op it lêste hûs ta sljochte om romte te jaan oan de brúnkoal-yndustry.

Media[bewurkje seksje | edit source]

De regionale studio fan de MDR 1 RADIO SACHSEN yn Bautzen, is sûnt it oprjochtsjen fan de MDR yn 1992 de wichtichste regionale studio fan de MDR. Dêr wurkje tritich minsken dy't foar de Heechsorbyske taal 21,5 oeren stjoerdtiid hawwe yn 'e wike. Boppedat nimt de studio yn Bautzen ek noch it 6,5 oer duorjende Leechsorbyske program fan de RBB foar syn noed.

Ien kear yn 'e moanne wurdt der in healoere yn it Sorbysk útstjoerd by tillefyzjestjoerder MDR. It program hyt Wuhladko.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | edit source]

Heechsorbysk

Wikipedia
Dizze taal hat syn eigen Wikipedy.
Sjoch de Sorbyske ferzje.

Leechsorbysk

Wikipedia
Dizze taal hat syn eigen Wikipedy.
Sjoch de Sorbyske ferzje.