Rie fan Jeropa

Ut Wikipedy

De Rie fan Jeropa is in gearwurkingsferbân tusken de lannen fan Jeropa, ta befoardering fan ekonomyske, sosjale en demokratyske ûntwikkeling.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Rie fan Jeropa is stifte op 5 maaie 1949, troch Belgje, Denemark, Frankryk, Feriene Keninkryk, Ierlân, Itaalje, Lúksemboarch, Nederlân, Noarwegen en Sweden. De rie is stadichoan útwoeksen en op it stuit binne hast alle lannen fan Jeropa lid, 46 fan de 50 lannen.

Ynstellings[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De miene gearkomsten wurde holden yn Straasburch, yn it Paleis fan Jeropa.

Wichtige ynstellings binne fierder:

Leden[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De leden fan de Rie, oardere op datum fan lidwurden:

  1. Belgje, stiftend lid
  2. Denemark, stiftend lid
  3. Frankryk, stiftend lid
  4. Feriene Keninkryk, stiftend lid
  5. Ierlân, stiftend lid
  6. Itaalje, stiftend lid
  7. Lúksemboarch, stiftend lid
  8. Nederlân, stiftend lid
  9. Noarwegen, stiftend lid
  10. Sweden, stiftend lid
  11. Grikelân, 9 augustus 1949 (útsletten 1967 - 1974)
  12. Turkije, 9 augustus 1949
  13. Yslân, 9 maart 1950
  14. Dútslân, 13 july 1950
  15. Eastenryk, 16 april 1956
  16. Syprus, 24 maaie 1961
  17. Switserlân, 6 maaie 1963
  18. Malta, 29 april 1965
  19. Portegal, 22 septimber 1976
  20. Spanje, 24 novimber 1977
  21. Lychtenstein, 23 novimber 1978
  22. San Marino, 16 novimber 1988
  23. Finlân, 5 maaie 1989
  24. Hongarije, 6 novimber 1990
  25. Poalen, 29 novimber 1991
  26. Bulgarije, 7 maaie 1992
  27. Estlân, 14 maaie 1993
  28. Litouwen, 14 maaie 1993
  29. Sloveenje, 14 maaie 1993
  30. Slowakije, 30 juny 1993
  31. Tsjechje, 30 juny 1993
  32. Roemeenje, 7 oktober 1993
  33. Andorra, 10 oktober 1994
  34. Letlân, 10 febrewaris 1995
  35. Albaanje, 13 july 1995
  36. Moldaavje, 13 july 1995
  37. Noard-Masedoanje, 9 novimber 1995
  38. Oekraïne, 9 novimber 1995
  39. Ruslân, 28 febrewaris 1996
  40. Kroaasje, 6 novimber 1996
  41. Geörgje, 27 april 1999
  42. Armeenje, 25 jannewaris 2001
  43. Azerbeidzjan, 25 jannewaris 2001
  44. Bosnje en Herzegovina, 24 april 2002
  45. Servje, 3 april 2003 (It lidmaatskip fan Servje en Montenegro.)
  46. Monako, 5 oktober 2004

Gjin lid[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Kazakstan en Belarus binne gjin lid om't hja net demokratysk genôch binne. Fatikaanstêd is taharker. Montenegro hat nei't it ûnôfhinklik waard in oanfraach yntsjinne dy't noch net tastien is. (13 july 2006)

Oare taharkers binne:

Hânfêst[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn de jierren njoggentich fan de foarige iuw hat de Rie fan Jeropa derfoar soarge, dat de taalrjochten fan minsken dy't in minderheidstaal brûke, troch it "Jeropeesk Hânfêst foar regionale talen en talen fan minderheden" beskerme waarden.

Ferwizings[bewurkje seksje | boarne bewurkje]