Geörgje
|
|||||
| Offisjele taal | Georgysk | ||||
| Haadstêd | Tbilisi | ||||
| Steatsfoarm | Republyk | ||||
| Gebiet % wetter |
69.700 km² -% |
||||
| Ynwenners (2004) | 4.677.401 | ||||
| Munt | Lari (GEL) | ||||
| Tiidsône | UTC +4 | ||||
| Nasjonale feestdei | 26 maaie | ||||
| Lânkoade | GEO | ||||
| Ynternet | .ge | ||||
| Tillefoan | 995 | ||||
Geörgje is in lân yn Lyts-Aazje. De haadstêd is Tbilisy en de presidint fân de republyk is sûnt 2004 Mikheil Saakashvili
Ynhâld |
Geografy [bewurkje seksje]
Lizzing [bewurkje seksje]
Geörgje wurdt begrinzge troch:
- Ruslân yn it noarden;
- Azerbeidzjan yn it súdeasten;
- Armeenje yn it suden;
- Turkije yn it súdwesten;
- de Swarte See yn it westen.
Lânskip [bewurkje seksje]
It lânskip fan wurdt foarme troch de Swarte Seekust dy't oergiet yn de Kuraflakte. It klimaat is hjir fochtich subtropysk. It noarden fan it lân wurdt behearsket troch de súdflank fan de Grutte Kaukasus-berchte. It suden makket diel út fan de Lytse Kaukasus. De heechste berch fan Geörgje is de Janga (5051 m). Yn it easten lizze boskgebieten dy't oergien yn steppen.
De wichtichste rivieren binne de Riony en de Koera.
Toeristysk attraktyf binne de 15 natuerreservaten, de wintersport- en kuiergebieten, de badplakken Suchumy en Batimy en de histoaryske steden Kutaisy en Mzcheta.
Stêden [bewurkje seksje]
Wichtichste stêden fan Geörgje binne:
Skiednis [bewurkje seksje]
It gebiet fan de twa âlde keninkriken Koltsji en Kartli foarmet rûchwei it gebiet wat no Geörgje is. Al yn 'e 4e ieu waard it Kristendom as steats-godstsjinst ynfierd. Ieuwenlang hat it lân hast oan ien tried wei beset west, mei de Romeinen, Arabieren, Persen en Turken dy't der baas wienen. Dêrnei kaam de goudene tiid foar Geörgje, fan de 11e oant en mei de 13e ieu.
De ynvaazje fan de Mongoalen makke in ein oan de bloeitiid, en wie it begjin fan in nije rige oerhearskers. Nei de Mongoalen kamen de Ottomanen en wer de Persen, oant it lân yn de 19e ieu yn de Russyske ynfloedssfear kaam. Nei in koarte perioade fan ûnôfhinklikens tusken 1918 en 1921, wie op 'e nij Moskou' baas yn Geörgje, mei diskear de kommunisten dy't de skepter swaaiden.
Sûnt 1991 is Geörgje, foar it earst sûnt de 14de ieu, foar langere tiid ûnôfhinklik. It lân kaam yn dy jierren yn in ekonomyske resesje wat late ta in boargeroarloch. Yn 1995 kaam Eduard Sjeverdnadze oan de macht. De ekonomyske tastân ferbettere net en de korrupsje naam allinne mar ta. Nei swiere protesten fan de befolking yn novimber 2003 gong Sjeverdnadze as president ôf. Nije ferkiezings yn 2004 brochten Mikheil Saakasvili oan de macht, en makken dêrmei de Nederlânske Sandra Roelofs de presidintsfrou fan Geörgje.
De Kriich yn Súd-Osseesje sette útein nei in deimannich fjochtsjen yn Súd-Osseesje. Op 7 augustus teagen Geörgyske legers op it gebiet oan, in dei letter de Russen.
Demografy [bewurkje seksje]
Befolking [bewurkje seksje]
Der wenje likernôch 4,5 miljoen minsken yn Geörgje (2006). Sûnt de ûnôfhinklikens yn 2001 wenje der sa'n miljoen Geörgjers om utens.
Geörgje is al tige lang in multyetnysk lân. Der binne mear as 26 befolkingsgroepen: 83,8 % fan de ynwenners binne Geörgjers, 6,5 % Azerbajaners, 5,7 Armeenjers, 1,5 % Russen, 0,9 % Osseten, 2,66 Abgazen, 0,1 Aramejers en 1,51 % heart by in oare befolkingsgroep sa as de Pontos-Griken, Koerden, Joaden en oaren (folksrûzing 2002).