6 desimber
Ut Wikipedy
fearnsjier werom - moanne werom - Alle dagen - moanne fierder - fearnsjier fierder - healjier
29 - 30 - 1 - 2 - 3 - 4 - 5 - 6 desimber - 7 - 8 - 9 - 10 - 11 - 12 - 13
6 desimber is de 340e dei fan it jier (yn in skrikkeljier de 341e dei).
Der folgje noch 25 dagen.
Foarfallen[bewurkje seksje]
- 1196 - Hollân en Fryslân wurde teheistere troch de Sint Nikolaasfloed. It risseltaat fan dizze stoarm wie in ôfslach fan de feangebieten yn West Fryslân en in fergrutting fan de Waadsee en de Sudersee.
- 1877 - Thomas Edison makket de earste lûdsopname.
- 1906 - De Britske oerheid ferlient selsbestjoer oan de eardere boererepublyk Transfaal.
- 1917 - Finlân ferklearret him ûnôfhinklik fan Ruslân.
- 1942 - De RAF bombardearret de Philipsfabriken yn Eindhoven om de levering fan guod oan de Dútsers stagnearje te litten.
- 1957 - De earste poging fan de Feriene Steaten om in keunstmoanne te lansearjen mislearret, wêrby't it lansearplatfoarm opblaasd wurdt.
- 1976 - De Nederlânske oarlochsmisdiediger Pieter Menten wurdt tichtby Surich arrestearre, tankzij it speurwurk fan sjoernalist Hans Knoop.
Berne[bewurkje seksje]
- 1421 - Hindrik VI fan Ingelân, soan fan Hindrik V en Katerine.
- 1562 - Jan fan Scorel, Nederlânske keunstskilder
- 1792 - Willem II, letter Kening fan de Nederlannen
- 1792 - Abraham Jakob van der Aa, Nederlânsk skriuwer en ierdrykskundige
- 1801 - Sterke Jerke, ek wol Sterke Hearke, wie de bynamme fan Hearke Tjerks Witteveen. Hy hie dizze bynamme te tanken oan syn gigantyske krêft. Sterke Jerke libbe it grutste part fan syn libben yn Droegeham.
- 1896 - Ira Gershwin, tekstskriuwster († 1983).
- 1961 - Rieks van der Velde, Frysk komponist, arranzjeur en dirigint.
Ferstoarn[bewurkje seksje]
- 345 as 352 - Niklaas fan Myra, biskop (* ±270).
- 1185 Alfons I - earste Kening fan Portugal (* 1109 )
- 1672 - Joan Leonardsz Blasius, Nederlânsk skriuwer en dichter
- 1881 - Wieger Hendrikus Idzerda, Nederlânsk politikus
29 - 30 - 1 - 2 - 3 - 4 - 5 - 6 desimber - 7 - 8 - 9 - 10 - 11 - 12 - 13
fearnsjier werom - moanne werom - Alle dagen - moanne fierder - fearnsjier fierder - healjier