Alberto Contador

Ut Wikipedy
Alberto Contador
sporter
Alberto Contador (2015)
Alberto Contador (2015)
persoanlike bysûnderheden
echte namme Alberto Contador Velasco
bynamme El Pistolero
nasjonaliteit Spaansk
bertedatum 6 desimber 1982
berteplak Madrid
lingte 176 m
gewicht 62 kg
sportive ynformaasje
sport Hurdfytsen
ûnderdiel Dykhurdfytsen
debút 1998
karriêre-ein 2017
wichtige prestaasjes
Omgong fan Frankryk (2007, 2009) (2x)
Omgong fan Itaalje (2008, 2015) (2x)
Omgong fan Spanje (2008, 2012, 2014) (3x)

Alberto Contador Velasco (Madrid, 6 desimber 1982) is in earder Spaansk hurdfytser dy't trije kear winner fan de Omgong fan Spanje wie. Dêrneist wûn er twa kear de Omgong fan Frankryk en twa kear de Omgong fan Itaalje. Dêrmei is Contador ien fan de hurdfytsers dy't alle trije de grutte omgongen wûn hat.

Karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Contador begûn doe't er 15 jier wie mei wedstriden op amateurnivo yn Spanje. Yn 2000 behelle er syn earste oerwinningen en wûn er ferskate berchklasseminten by promininte eveneminten op de Spaanske hurdfytskalinder foar amateurs. Yn 2001 wûn er de Spaanske nasjonale kampioenskippen tiidriden foar hurdfytsers jonger as 23 jier. Contador waard yn 2003 professional foar ONCE. Yn syn earste jier as prof wûn er de achtste etappe fan de Omgong fan Poalen.

Yn 2006 wûn er etappes yn de Omgong fan Romandië en de Omgong fan Switserlân yn tarieding op de Omgong fan Frankryk. Foar de start fan de wedstriid wie er tegearre mei in oantal ploechgenoaten belutsen by in dopingsaak, wêrtroch't syn ploech Würth net starte mocht. Contador siet dêrnei as gefolch fan de dopingssaak sûnder ploech oant mids jannewaris 2007, doe't er tekene by Discovery Channel. [1] Contadors earste grutte profesjonele oerwinning kaam mei Parys-Nice yn 2007, dy't er wûn yn de lêste etappe fan de wedstriid. Yn 'e Omgong fan Frankryk wûn er de 14e etappe op 'e berchtop fan Plateau de Beille. It waard úteinlik Contador syn earste Omgong fan Frankryk oerwinning. Yn 2008 wûn Contador sawol de Omgong fan Spanje as de Omgong fan Itaalje. Yn 2009 slagge it him nochris de Omgong fan Frankryk te winnen. Mar syn oerwinningen yn 2010 en 2011 binne as gefolch fan dopinggebrûk út de útslaggen helle. Op 6 augustus 2012 makke Contador syn rentree yn it peleton en ried de Eneco Tour] as tarieding op syn earste grutte doel: de Omgong fan Spanje, dy't er foar de twadde kear yn syn karriêre wist te winnen. Ek yn 2014 wûn er nochris de Omgong fan Spanje en ek de Omgong fan Itaalje wist er foar in twadde kear te winnen. Op 7 augustus 2017 kundige Contador syn ôfskied as profesjoneel hurdfytser oan. Syn lêste wedstriid wie de Omgong fan Spanje. Dêryn behelle er yn de tweintichste etappe, op de foarlêste dei fan dy omgong, syn alderlêste oerwinning op de beklimming fan Alto de Angliru. In dei letter beëinige Alberto Contador yn Madrid syn profesjonele hurdfytskarriêre mei in fiifde plak yn it einklassemint.

Dielnimming oan grutte omgongen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Dielnimming oan de Omgong fan Frankryk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • 2005 - 31e;
  • 2007 - 1e; winner 14e etappe.
  • 2009 - 1e; winner 15e en de 18e etappe.
  • 2010 - Diskwalifisearre
  • 2011 - Diskwalifisearre
  • 2013 - 4e;
  • 2014 - Net finisht;
  • 2015 - 5e;
  • 2016 - Net finisht;
  • 2017 - 9e ;

Dielnimming oan de Omgong fan Spanje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • 2008 - 1e; winner 13e en de 14e etappe.
  • 2012 - 1e; winner 17e etappe.
  • 2014 - 1e; winner 16e en de 20ste etappe.
  • 2016 - 4e;
  • 2017 - 5e; winner 17e en de 20ste etappe.

Dielnimming oan de Omgong fan Itaalje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ploegen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • 1998-1999 - Uni Pinto
  • 2000 - RVC Portillo
  • 2001 - Iberdrola-Loinaz
  • 2002 - Würth
  • 2002-2003 - ONCE
  • 2004-2006 - Liberty Seguros
  • 2006 - Würth
  • 2006 - Astana
  • 2007 - Discovery Channel
  • 2008-2010 - Astana
  • 2011-2012 - Saxo Bank
  • 2013-2016 - Tinkoff
  • 2017 - Trek-Segafredo

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: