Omgong fan Frankryk

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

De Omgong fan Frankryk (Frânsk: Tour de France, ek wol Le Grand Boucle) is in hurdfytswedstryd yn Frankryk. De omgong, dy't jildt as de dreechste en earfolste wedstriid fan it hurdfytsseizoen, wurdt yn etappen troch gâns Frankryk fytst. It begjin is somtiden yn in oar lân, mar de oankomst is altiten yn Parys.

Skiednis[bewurkje seksje | edit source]

De Omgong fan Frankryk is yn 1903 foar it earst holden, organisearre troch de krante l'Auto, mei it doel mear kranten ferkeapje te kinnen. Wie de Omgong eartiids ien wike, wêryn de hurdfytsers somtiiden dei en nacht fytse moasten op fytsen sûnder fersnellings, hjoeddeis is de omgong trije wiken, mei in totale afstân fan om en de by 3500 - 4000 km.

De omgong is sa populêr wurden dat stêden sels jild betelje om oankomstplakken wêze te kinnen. Njoggen kear is der in etappe yn in Nederlânske stêd eindige: Amsterdam hie in 1954 de primeur, Maastricht yn 1969, Skeveningen en Rotterdam yn 1973, Leien en Sint-Willebrord yn 1978, De Bosk yn 1996 en Falkenburch yn 1992 en 2006.

Sûnt 1984 is der ek in Omgong fan Frankryk foar froulju (Frânsk: La Grande Boucle Féminine Internationale).

Klasseminten[bewurkje seksje | edit source]

Njonken de oerwinnings yn de etappen wurdt yn de Omgong fan Frankryk ek striden om ferskate klasseminten. Der is in klassemint foar de bêste ploech, foar de bêste klimmer (Bâltsjemouhimd), foar de bêste jonge hurdfytser (Wyt mouhimd), foar de oanfallendst-ridende hurdfytser, foar de bêste sprinter (Grien mouhimd), en fansels foar de fytser dy't oer de hiele omgong it minste tiid brûkt (Giel mouhimd).

De súksesfolste hurdfytser yn de Omgong fan Frankryk is de Amerikaan Lance Armstrong, dy't 7 kear efterinoar, 1999 oant 2005, oer de hiele omgong de fluchste wie. Yn al die jieren dat de Omgang ferriden wurdt, hawwe der oant no ta twa Nederlânders wûn. De earste wie Jan Janssen dy't yn 1968 it fluchst wie, en yn 1980 behelle Joop Zoetemelk it giele mouhimd.

Oankomst op de Champs-Élysées


Winners[bewurkje seksje | edit source]

Fiif as mear oerwinnings[bewurkje seksje | edit source]

Ferwizing[bewurkje seksje | edit source]