Eddy Schurer

Ut Wikipedy

Eddy Schurer (Bakkefean, 12 septimber 1964) is in earder Fryske hurdfytser.

Schurer starte trije kear yn de Omgong fan Frankryk (1989, 1990 en 1991). Yn 1990 foel er út. Hy ried foar TVM en Novemail-Histor. Eddy Schurer wie prof tusken 1987-1994.

Tsjintwurdich wennet hy yn Mearum (Grinslân) en wurket er as technysk adviseur by Interflon (smarmiddels). Hy is troud en heit fan twa bern.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: