Gerrit de Vries

Ut Wikipedy
Gerrit de Vries
sporter
Gerrit de Vries (1986)
Gerrit de Vries (1986)
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit Nederlânsk
bertedatum 13 maaie 1967
berteplak Aldeberkeap
etnisiteit Frysk
lingte 186 sm
gewicht 75 kg
sportive ynformaasje
sport Hurdfytsen
ûnderdiel Dykhurdfytsen
earste titel Wrâldkampioen 100 km ploegentiidrit (1986)
debút 1986
karriêre-ein 1997
wichtige prestaasjes
4de etappe Stjer fan Bessèges (1990)

Gerrit de Vries (Aldeberkeap, 13 maaie 1967) is in earder Fryske hurdfytser.

Mei John Talen, Tom Cordes en Rob Harmeling waard Gerrit de Vries yn 1986 wrâldkampioen op de 100 km ploegetiidrit yn Colorado Springs. Hy die mei oan de Olympyske Spullen fan 1988 yn Seoel (Súd-Korea) en einige dêr as alfte. Hy die tusken 1990-1997 sân kear mei oan de Omgong fan Frankryk, wêrfan er yn 1991 twadde waard yn it jongereinklassemint. Yn 1992 foel er út troch in bekkenbreuk. Hy ried ûnder oaren foar de ploegen Superconfex, Buckler, TVM en Team Polti. Tusken 1989 en 1997 wie Gerrit de Vries profesjonal.

Tsjintwurdich wennet er yn Swol en is er fertsjintwurdiger yn sportklean. Gerrit de Vries is troud en heit fan twa bern.

Wichtichste oerwinnings[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

1986

1990

Resultaten Omgong fan Frankryk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ploegen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • 1989 - Superconfex-Yoko
  • 1990 - Buckler
  • 1991 - Buckler
  • 1992 - Buckler
  • 1993 - TVM-Bison Kit
  • 1994 - Novemail-Histor
  • 1995 - Novell
  • 1996 - Team Polti
  • 1997 - Team Polti

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: