Aldeberkeap

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Aldeberkeap
Himrik fan  Aldeberkeap
Gemeente Eaststellingwerf
Gritenij {{{gritenij}}}
Stimmen 50
Ynwenners (2006) 1.536
Huzen {{{huzen}}}
Koördinaten 52° 56' NB, 6° 7' EL
Netnûmer 0516
Postkoade 8421
Webstee www.oldeberkoop.nl


Aldeberkeap of Berkeap (Nederlânsk: Oldeberkoop, Stellingwerfsk: Berkoop) is in brinkdoarp yn de gemeente Eaststellingwerf, by it krúspunt fan de N351 mei de N353. It doarp hat 1.536 ynwenners (1 jannewaris 2009). It doarp leit yn it lân fan de Tsjonger en de Linde.

Om it doarp lizze de Koepelbosk, De Kiekenberch, Molenbosk, Stjerrebosk, de Stuttebosk en de Dellebuersterheide. Tusken Aldeberkeap en Nijeberkeap leit natuergebiet De Dellebueren fan It Fryske Gea.

Ynhâld

Skiednis [bewurkje seksje]

De namme ‘’Aldeberkeap’’ komt fan broek, dat 'stik greidlân’ betsjut en ope, ôflaat fan ’wetter’. It âlde doarp is ûntstien op de sânrêgen tusken de Linde en de Tsjonger. vormen Berkeap is ien fan de âldste doarpen fan súdeast-Fryslân. It doarp wurdt al yn 1228 neamd yn geskriften as de Fryske striders by Brokope byelkoar komme om Drinte binnen te fallen. Yn 1593 wurdt de Bekhofskâns oan de Linde boud. Aldeberkeap is op dat stuit in strategysk plak om't de Linde in ferdigeningsliny foarmet tsjin de Spanjoalen dy't yn dy tiid Hollân en Fryslân besykje te ûnderwerpen. In part fan de skâns is noch altiten te bewûnderjen en wurdt op dit stuit yn âlde eare hersteld. Ien fan de oerbliuwsels fan it fort stiet midden yn it doarp, in kanon dat yn 1979 fûn waard en skonken is oan de gemeente. Dy hat it wapenmuseum fan Delft in ûnderstel foar it kanon meitsje litten en hat it mids yn 't doarp setten.

Yn 1812 waard Aldeberkeap it haadplak fan de gemeente Eaststellingwerf. Dy status hat it hâlden oant 1855, doe't Easterwâlde, krekt as tsjintwurdich, it haadplak waard.

Fan 1921 oant en mei 1967 hat der in legere lânbouskoalle west yn Aldeberkeap, dizze hat lange tiid de âldste legere lânbouskoalle fan Nederlân west. Ek hat der in húshâldskoalle in Berkeap west. Tsjintwurdich is der noch de basisskoalle de OBS de Tjongeling.

Gebouwen [bewurkje seksje]

Bonifatiustsjerke Aldeberkeap foar 1940
  • Bonifatiustsjerke -Ien fan de eachlûkers fan Berkeap is de Bonifatiustsjerke. De tsjerke stiet yn it sintrum fan it doarp. Der wurdt oannommen dat it gebou yn 1125 boud is, yn de Romaanske styl, en bestie doedestiids hielendal út dowestien. Om 1450 hinne waard de tsjerke útwreide nei it easten ta. Dit barde yn de goatyske styl (puntige finsterbôgen) en mei kleastermoppen. De toer fan de tsjerke is yn 1583 troch de Spanjerts ta ynstoarten brocht. De tsjerke hat om 1600 hinne op 'e nij in toer krigen, oplutsen út Fryske gieltsjes mar dy is lytser as de oarspronklike toer. Yn 1927 waard begûn mei in grutte restauraasje, dy't trije jier duorre hat, en yn de jierren 60 is er nochris renovearre en yn âlde pracht opmakke.
  • Pastory, yn 1838 boud troch de grytman fan Eaststellingwerf (Jan Albert Willinge)
  • Fierders falle de twa lânhuzen Vredewoud en Lunia yn it doarp op. De huzen wienen oarspronklik eigendom fan de famylje Willinge Prins.
  • Ek it eardere gritenijhûs 'De Zwaan' is in opfallend gebou yn it doarp. Tusken 1812 en 1855, doe’t Berkeap it haadplak fan de gemeente wie, kaam hjir it gritenijbestjoer byelkoar.
  • It Wapen fan Eaststellingwerf 1837, mei de âlde hynstestâl út de tiid fan de postkoetsen.
  • In kilometer bûten it doarp stiet in Amerikaanse wynmotor.

Mienskipslibben [bewurkje seksje]

Yn gearwurking mei ferieningen en frijwilligersorganisaasjes wol De Byspringer it frijwilligerswerk yn it doarp te fersterkje. Eveneminten binne it 'Berkoper Kuierwykein'en 'Berkeaper Merk'

Ferneamde Berkeapers [bewurkje seksje]

Ferieningen [bewurkje seksje]

Befolking [bewurkje seksje]

Ferskaat [bewurkje seksje]

Foto fan de Prinsenwyk by Aldeberkeap. Rjochts is de haven te sjen.

Strjitten yn Aldeberkeap [bewurkje seksje]

Alle strjitten yn Aldeberkeap.

Iepenbier ferfier [bewurkje seksje]

Line fan Qbuzz:

Oer Aldeberkeap [bewurkje seksje]

  • Peter Karstkarel- Betovering in architectuur, arsjitektuer-rûte mei 29 beskreaune gebouwen (VVV)
  • K.Bosje en J.J. Spahr van der Hoek -Oldeberkoop (1972)

Sjoch ek [bewurkje seksje]

Keppeling om utens [bewurkje seksje]

Boarnen, noaten en referinsjes [bewurkje seksje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Gemeente Eaststellingwerf - Gemeentegids 2009-2010