Oerlis:Omgong fan Frankryk

Page contents not supported in other languages.
Ut Wikipedy

Stavering / Grammatikale tiid[boarne bewurkje]

@FreyaSport: Goejûn. Ik haw dizze side ris eefkes kritysk neilêzen, want it liket my in poerbêst artikel ta om takom jier ris op 'e foarside fan 'e Wikipedy te setten. Dat ik haw de tekst even útprinte en op papier ferbettere. Kwa stavering sieten der wol wat flaterkes yn, mar neat yn it rare. Mar foar't ik de flaterkes der hjir op 'e Wikipedy úthelje, moat ik jo al even te wurd, want ik kaam al wat foar in pear dilemma's te stean.

  1. Jo skriuwe fan Giel Mouhimd, Grien Mouhimd ensfh., mar jo binne net konsekwint, want jo hawwe it ek oer in liederstrui. No hie ik noch nea fan in mouhimd heard, mar ik begriep daliks wat der bedoeld waard, dus jo moatte it sels witte as jo fan mouhimd skriuwe wolle, dêr net fan. Mar earlik sein soe ik gewoan fan trui skriuwe; dat is fan âlds miskien net in geef Frysk wurd, mar it is folslein ynboargere en dan sitte je der net mei dat wurden as 'liederstrui' ynienen in oare term brûke. Dat sadwaande myn fraach: binne jo o sa oan 'e term 'mouhimd' ferknocht? Oars meitsje ik dêr trui fan, mar as jo dat beslist net wolle, lit ik it stean.
  2. De grammatikale tiid yn it stik oer de skiednis fan 'e Tour. Jo springe dêr fan doetiid nei notiid op folslein willekeurige wize, of alteast haw ik der gjin systeem yn ûntdekke kinnen. Dat kin grammatikaal sjoen net. Om't ik it útprinte hie, bin ik der ris eefkes mei twa filtstiften bylâns west (doetiid grien, notiid blau), en it resultaat wie likernôch likefolle giene as blauwe streekjes. Ik wol graach de tiid eefkes gelyk meitsje, mar jo moatte mar sizze wat it wurde moat, notiid of doetiid. (As it jo neat útmakket, soe ik doetiid oanrikkemandearje; dat liket my it meast logysk, om't skiednis no ienris doe wie en net no.)

Op dizze beide punten soe ik graach eefkes in antwurd fan jo hawwe wolle, sadat ik fierder kin. Groetnis, Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 10 jul 2022, 21.27 (CEST)[beäntwurdzje]

Goeiejûn @Ieneach fan 'e Esk,
1. Mouhimd komt út it artikel sa as it earst wie, foar't ik wer by de tiid brocht en oanfolde. sels sis ik fan trui as it om it hurdfytsen giet. mar om't ik ek safolle mooglik fan it artikel bewarje woe sa as it wie, ha ik it wurd mouhimd behâlden. Bygeliks de bâltsjemouhimd oftewol de bolletjestrui soe ik sels de boltsjestrui fan meitsje, mar om't bâltsjemouhimd der al stie ha ik bâltsjemouhimd oanhâlden.
Mar fiel jo frij it oan te passen.
2. It skiednisdiel is doetiid en de klassemintendiel is notiid. mar it kin indie wêze dat ik doetiid en notiid by fersin in tal kear ferhaspele ha.
groetnis FreyaSport (oerlis) 10 jul 2022, 21.43 (CEST) en in goeie nacht winske.[beäntwurdzje]
@FreyaSport: Tankjewol foar de flugge reäksje. Dat fan 'mouhimd' hie ik net begrepen. It liket my it handichst om der mar trui fan te meitsjen. Jo hawwe dêr gjin beswier tsjin, begryp ik, dus dan doch ik dat mar. Wat de tiid oangiet, in dúdlik antwurd, dêr mei ik wol oer. Dan rin ik it aansten eefkes bylâns. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 10 jul 2022, 21.50 (CEST)[beäntwurdzje]
@FreyaSport: Klear. Wat is trouwens in pistier? (Jo skriuwe: "It boltsjesmotyf waard troch Tourbaas Félix Lévitan oanbrocht as in hulde oan Henri Lemoine, in Frânske pistier dy't yn de tweintiger en tritiger jierren omried yn in tenu mei reade stippen.") Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 10 jul 2022, 23.48 (CEST)[beäntwurdzje]
@Ieneach fan 'e Esk oeps dat is in flater fan my, dat hie baanhurdfytser wêze moatten. Pistier is it Frânske wurd dêrfoar en wurd ek yn it Flaamsk brûkt. FreyaSport (oerlis) 11 jul 2022, 09.50 (CEST)[beäntwurdzje]