Gerrie Knetemann

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

Gerrie Knetemann, ek De Kneet ( Amsterdam, 6 maart 1951 - Bergen, 2 novimber 2004 ), wie berops hurdfytser fan 1974 - 1989 en ien fan de grutste Nederlânske hurdfytsers yn de gouden generaasje. Hy wie in treflik tiidritspesjalist.

De Kneet tekene yn 1974 in kontrakt by de Frânske ploech Mercier. Ien jier letter gie er oer nei de Nederlânske Raleigh-ploech fan Peter Post, wêr't oant de grutte breuk fan dizze ploech yn 1983 bleau. Hjirnei hat hy noch riden foar Euro-Decor, Skill en PDM. Foardat Knetemann beropsrenner wie, wurke hy as strjitmakker. Kenmerkend foar him wie syn trochsettingsfermogen. Dizze karaktereigenskip kaam foaral nei foaren doe't hy op 24 maart 1983 in slim ûngemak meimakke yn de Belgyske semi-klassiker 'Dwars door België'. Nei in perioade fan refalidaasje kaam hy tige sterk werom en wûn yn 1985 syn twadde Amstel-Gold race, 11 jier nei syn earste oerwinning.

Earelist[bewurkje seksje | edit source]

Mei 129 oerwinnings yn syn 17-jierrich bestean as beropshurdfytser, is Knetemann ien fan de grutste Nederlânske hurdfytsers. Moaie oerwinningen wiene û.o. de wrâldtitel op Nürnburgring yn Dútslân yn 1978. Hy wûn doe fan de Italjaan Franseco Moser yn de sprint. Yn datselde jier wûn hy Parys-Nice troch Joop Zoetemelk en Bernard Hinault te ferslaan, fenomenen yn dy tiid. Hy hat 4 kear de Omgong fan Nederlân op syn namme skreaun, is 13 kear starten yn de Omgong fan Frankryk. Yn dizze omgong hat hy tegearre mei Joop Zoetemelk en Jan Raas de measte etappe oerwinnings op syn namme stean, 10 kear kaam hy as earste oer de einstreek. Ek yn 1979 wûn hy in etappe (fan Saint Priest nei Dijon), mar dy waard him ôfnommen want hy soe efter in auto oan riden hawwe. Hy hat 8 kear it giele mouhimd yn dizze omgong droegen. Yn de omgong fan Frankryk fan 1980 wie hy ien fan de ploechgenoaten fan Joop Zoetemelk dy't doe de einoerwinning behelle.

Nei 1989[bewurkje seksje | edit source]

Knetemann stie al tidens syn perioade as beropshurdfytser bekend om syn útspraken en ferhalen. Hy waard letter dan ek faak frege foar radio en tillefyzjeprogramma's. Dêrneist hie hy 5 pannkoekrestaurants en wie hy bûnscoach fan de KNWU (Koninklijke Nederlandse Wieler Unie). Ek joech hie fytsklinniks. Tidens ien fan dizze tochten kaam hy op 2 novimber 2004 te ferstjerren oan in longemboly. De útfeartsearemoanje op de fytsbaan fan Alkmaar wie mei mear as 2200 lju tige drok besocht, wat syn populariteit oant syn dea ta goed oanjoech.

Boarnen[bewurkje seksje | edit source]

  • Jean Nelissen - De 100 beste Nederlandse wielrenners aller tijden; Amsterdam/Antwerpen 1999.
  • Mart Smeets - De Tour fan '80; Nieuw Amsterdam 2005.
  • Mart Smeets - 100 mannen; Amsterdam/Antwerpen 2003.