Lieuwe Westra

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Lieuwe Westra
Lieuwe Westra.jpg
Namme Lieuwe Westra
Bertedatum 11 septimber 1982
Berteplak Mûnein
Grutte 185 sm
Sportive ynfo
Sport Hurdfytsen
Underdiel(en) Tiidriden
Olympyske Spullen Londen 2012
Debút 2006


Lieuwe Westra (Mûnein, 11 septimber 1982) is in Fryske hurdfytser. Hy fytst sûnt 2014 foar Astana.

2009-2010[bewurkje seksje | edit source]

Westra hat de namme fan oanfallend koerser yn it peleton en is foaral goed yn it tiidriden. Yn 2009 die er foar it earst mei oan in grutte omgong, de omgong fan Spanje. Dêr wist er in yn de lêste lange tiidrit as 10de te einigjen. Ek waard er yn de twadde rit útroppen ta de meast striidlustige fytser yn it peleton. Yn 2010 wûn er brûns by it Nederlânske Kampioenskip tiidriden.

2011[bewurkje seksje | edit source]

Seizoen 2011 begjint hiel goed foar Westra. Yn de tiidrit fan de Omgong fan de Algarve wurdt er tredde yn it einklassemint. Hy wit sels de Frânske klassiker Classic Loire-Atlantique te winnen. De Trijedeiske fan De Panne is ien fan de hichtepunten fan 2011, mei in twadde plak yn de earste etappe en de liederstrui nei rit twa. Tidens it wrâldkampioenskip yn Kopenhagen waard Westra 8ste by it ûnderdiel tiidriden.

2012[bewurkje seksje | edit source]

Seizoen 2012 begjint ek goed foar Westra; hy wint yn de ettappekoers Parys-Nice de 5e etappe, en wurdt twadde yn it einklassemint. Ein maaie wurd bekind dat Westra him pleatst hat foar de Olympyske Simmerspullen yn Londen. By de Omgong fan Frankryk is Westra inkele kearen fallen wêrtroch't er de omgong net útfytst hat. Op de Olympyske Simmerspullen waard Westra yn de dykwedstriid 95ste en yn de Olympyske Tiidrit waard er 11de. Nei de Spullen waard Westra de Winner fan de Omgong fan Denemark

2013[bewurkje seksje | edit source]

Yn 2013, waard Westra 8ste yn it ein klassemint fan Parys-Nice, fyfde yn de Trijedeiske fan De Panne en wûn Westra de earste etappe yn de omgong fan Kalifornje. Tidens de Omgong fan Frankryk waard Westra siik en moast der yn de lêste etappe ôfstappe. Yn Augustus 2013 waard bekind dat Lieuwe foar it seizoen 2014 tekene had by Astana.

2014[bewurkje seksje | edit source]

Yn 2014 wist Westra de lêste etappe yn de Omgong fan Kataloanje te winnen.

Wichtichste oerwinnings[bewurkje seksje | edit source]

Lieuwe Westra tidens de tiidrit op de Olympyske Simmerspullen 2012 yn Londen
  • 2e etappe yn de OZ Wielerwykein (2007)
  • 2e etappe Omgong Alsace (2008)
  • Arno Wallaard Memorial (2009)
  • 1e etappe yn Omgong fan Pikardje (2009)
  • Einklassemint Omgong fan Pikardje (2009)
  • Loire-Atlantique (2011)
  • Proloog Omgong fan Belgje (2011)
  • 5e etappe Parys-Nice (2012)
  • Einklassemint Omgong fan Denemark (2012)
  • Earste etappe yn de omgong fan Kalifornje (2013)
  • Sande etappe yn de omgong fan Kataloanje (2014)

Dielname oan grutte omgongen[bewurkje seksje | edit source]

Dielname oan de Omgong fan Frankryk[bewurkje seksje | edit source]

  • 2011 - 128ste

Dielname oan de Omgong fan Spanje[bewurkje seksje | edit source]

  • 2009 - 87ste

Ploegen[bewurkje seksje | edit source]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Lieuwe Westra fan Wikimedia Commons.