Ierdferskowing

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Ierdferskowing yn Brienz yn 2005

In ierdferskowing is in barren wêrby gâns tûzenen tonnen oan grûn hommels yn beweging komme en (meastal) lâns in helling nei ûnderen falle of glydzje. In ierdferskowing is net itselde as in ierdskodding. In ierdferskowing kin lykwols wol feroarsake wurde troch in ierdskodding. As de ierdferkowing benammen út stien bestiet, wurdt ek wol sprutsen fan in rotslawine (of stienlawine).

In fulkaanútbarsting kin ek in ierdferskowing feroarsaakje. Hjirby kin in diel fan de fulkaanhelling ynstoartsje en nei ûnderen skowe.

In tredde mooglike oarsaak is fûle reinfal op in troch eroazje oantaaste hichte of berchhelling. Dêrtroch wurdt de grûn sa bot ynsieppe mei wetter dat hy syn gearhing ferliest en dan skowen giet. As de grûn mei wetter foar in stream fan modder soarget, sprekt men fan in modderstream.

Ierdferskowings kinne ferneatigjend wêze. Wannear't in doarp of stêd bedutsen wurdt troch in ierdferskowing is it omtrint wis dat der minsken omkomme. As men it optiid oankommen sjoen hat, kin der optiid evakuaasje plakfine. Meastal is dit lykwols net it gefal.

As troch in grutte ierdferskowing in diel fan in berch yn see glidet, of as der in ûnderseeske ierdferskowing plakfynt, kin ek in tsûnamy ûntstean. Deskundigen ferwachtsje dat in soartgelyk fenomeen him earder of letter oan de westkant fan it Kanaryske Eilân La Palma foardwaan sil. De tsûnamy, dy't folget soe sels de Amerikaanske eastkust oan de oare kant fan de Atlantyske Oseaan bedriigje kinne. It is lykwols goed mooglik dat dit pas oer hûnderten of sels tûzenen jierren barre sil. De ferskowing soe ek stadichoan barre kinne, sûnder dat in tsûnamy optredet.