Rotterdam
|
Jo wurde útnoege en foegje jo witten hjir ta. |
Gemeente Rotterdam
|
|||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|
![]() |
|||||||
| Provinsje | Súd-Hollân | ||||||
| Boargemaster | Ahmed Aboutaleb | ||||||
| Haadplak | Rotterdam | ||||||
| Gebiet | 319 km² | ||||||
| Ynwenners | 603 425 | ||||||
| Ferkearsieren | A4, A12, A13, A15, A16, A20, N207, N228 | ||||||
| Netnûmer | 010 , 0174 (Hoek fan Hollân) , 0181 (Roazenburch) | ||||||
| Postkoades | 3000-3090 | ||||||
| Offisjele webstee | www.rotterdam.nl | ||||||
Rotterdam is in stêd en gemeente oan de mûning fan de Ryn yn de provinsje Súd-Hollân. De stêd hat pas yn 1340 stedsrjochten krigen.
Rotterdam is ien fan de stêden fan de Rânestêd. Nei ynwennertal is it, nei Amsterdam, de twadde stêd fan Nederlân.
Rotterdam leit dêr't de Lek en de Noard tegearre de Nije Maas foarmje, dy’t streamôf nei Rotterdam oer de Nije Wetterwei yn de Noardsee útkomt.
Skiednis[bewurkje seksje]
Yn de twadde helte fan de 13e ieu ûntstie der in delsetting. It stee krige yn 1340 stedsrjochten fan greve Willem VI en tastimming fan him om in kanaal te graven fan de Schie ôf nei de kuststripe. De bewenners libbe fan de fiskfangst en de oerslach fan goederen, ek kaam de skipsbou opsetten. Nei de ynfal fan Boussu (1572) ûnder de wettergeuzenopstân, wêrnei Rotterdam de side fan de prins keas, bloeide benammen de oerseeske frachtfeart.
Fan de 16e ieu oant de 18e ieu wie der ierdewurkyndustry, dêrnei kamen oare yndustryen opsetten. Fral troch de komst fan steamfeart (Nederlandsche Stoombootmaatschappij) om 1925 hinne gie it hurd mei de ekonomyske groei fan Rotterdam, al libbe in grut part fan de befolking yn tige minne omstandigens (golera-epidemyen)
Op 14 maaie 1940 waard de binnenstêd ferwoast troch in Dútsk bombardemint. Nei de oarloch ûntwikkele de Nije Wetterwei him ta it grutste havensintrum fan de wrâld.
Boargemasters[bewurkje seksje]
- Ahmed Aboutaleb (PvdA): 5 jannewaris 2009 - no
- Ivo Opstelten (VVD): 16 febrewaris 1999 - 1 jannewaris 2009
- Bram Peper (PvdA): 18 maart 1982 - 1 jannewaris 1998
- André van der Louw: 1974 - 1982
