Pieter Weening

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Pieter Weening
Pieter Weening yn 2012
Pieter Weening yn 2012
Namme Pieter Weening
Bertedatum 5 april 1981
Berteplak De Harkema
Grutte 186 sm
Sportive ynfo
Sport Hurdfytsen
Underdiel(en) Klimmer
Debút 2003


Pieter Weening (De Harkema, 5 april 1981) is in Fryske hurdfytser.

Weening, dy't berne is yn de Harkema, rydt sûnt 1999 by de ploegen fan Rabobank, fan 2004 oant 2011 by de profôfdieling fan dy ploech sûnt 2012 rydt Weening foar de Australyske ploeg Orica-GreenEdge Cycling. Yn syn earste profjier wûn hy in tal lytse wedstriden en ried boppedat de Omgong fan Spanje út. Pieter Weening syn spesjaliteit is it klimmen.

Yn 2005 fytste Weening yn de keninginnerit fan de Omgong fan it Baskelân oant tichtby de oankomst foarút, mar waard flak foar de streek dochs noch ynhelle. Fierder die er in soad feintewurk foar syn ploech yn in oare ProTour-wedstryd: de Amstel Gold Race. Yn de Omgong fan Frankryk dat jier wist Weening de achtste etappe te winnen mei in fraksje fan in sekonde (0,0002) foarsprong op Andreas Klöden. Flak efter harren siet it sprintende peloton, dat yn it stik dêrfoar goed ôfstoppe wie troch Pieter syn ploechmaat Michael Boogerd. Weening waard yn 2005 ek keazen ta hurdfytser fan it jier.

Yn 2011 wûn er de fyfde etappe yn de omgong fan Itaalje hy waard ek lieder yn it klassemint, Dêrmei is er de earste Fries mei de rôze trui. [1]
Wylst yn Frankryk de Omgong fan Frankryk 2011 geande wie, waard bekind dat Weening nei tolve jier de Rabobank ploech ferlit.[2] Tidens de Omgong fan Frankryk yn 2012 wie Weening de ienigste van de fjouwer dielnimmende Friezen dy't Parys wist te beheljen.

Yn 2013 waard Weening twadde yn de Omgong fan Langkawi yn Maleizje. Yn de Omgong fan it Baskelân einige Weening as sechsde yn it einklassemint. Weening waard achtste yn de Amstel Gold Race. Begjin augustus wûn Weening it einklassemint in de Omgong fan Poalen. [3]

Wichtichste oerwinnings[bewurkje seksje | edit source]

Dielname oan grutte omgongen[bewurkje seksje | edit source]

Pieter Weening yn 2007

Dielname oan de Omgong fan Frankryk[bewurkje seksje | edit source]

  • 2005 - 72ste; winner 8e etappe.
  • 2006 - 93ste
  • 2007 - 128ste
  • 2008 - 63ste
  • 2012 - 72ste

Dielname oan de Omgong fan Spanje[bewurkje seksje | edit source]

  • 2004 - 59ste
  • 2006 - 61ste
  • 2009 - 44ste

Dielname oan de Omgong fan Itaalje[bewurkje seksje | edit source]

  • 2010 - 24ste
  • 2011 - 45ste
  • 2013 - 38ste

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen[bewurkje seksje | edit source]

  1. "Pieter Weening, eerste Fries ooit in het roze"
  2. "Weening gaat weg bij Rabo"
  3. "Pieter Weening wint Poalen"