Kolombia
Ut Wikipedy
|
|||||
| Offisjele taal | Spaansk | ||||
| Haadstêd | Bogota | ||||
| Steatsfoarm | Republyk | ||||
| Gebiet | km² | ||||
| Ynwenners | |||||
| Munt | Kolombiaanske peso (COP) | ||||
| Tiidsône | UTC -5 | ||||
| Nasjonale feestdei | 20 july | ||||
| Lânkoade | COL | ||||
| Ynternet | .co | ||||
| Tillefoan | 57 | ||||
Republyk Kolombia is in lân yn it noardwesten fan Súd-Amearika. De haadstêd is Bogota.
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Geografy
[bewurkje seksje] Lizzing
It lân wurdt begrinzge troch de lannen:
- Panama en de Karibyske See yn it noarden,
- Fenezuela en Brazylje yn it easten,
- Ekwador en Perû yn it suden,
- de Grutte Oseaan yn it westen.
[bewurkje seksje] Lânskip
Kolombia falt rûchwei yn trije geografyske gebieten útien. De noardlike útrinners fan de Andes ferpartsje it lân yn in westlike kustflakte, dêr't it meastepart fan de grutte stêden lizzen, in eastlike leechflakte oant de Karibyske See, dêr't ek inkele wichtige befolkingsintra binne en it uterste súdeasten dat 54 % fan it Kolombiaanske oerflakte beslacht en benammen út reinwâld bestiet en by it Amazonegebiet heart.
[bewurkje seksje] Klimaat
It klimaat is sawat oeral tropysk sûnder grutte skommelings yn temperatuer.
[bewurkje seksje] Skiednis
Yn it prekolumbiaanske tiidrek waard it gebiet bewenne troch ynhiemske yndiaanske folken, dêr't guon fan in heech beskavingsnivo berikten. De âldste minsklike resten dy't fûn binne geane tebek nei likernôch 16.400 jier lyn. Nei de ûntdekking fan Amearika yn 1499 troch de Jeropeanen waard Kolombia healwei de 16e ieu troch de Spanjerts ferovere en kolonisearre. Selsstannigens fan Spanje folge yn 1819 en it lân krige yn 1886 har earste grûnwet.
It tsjintwurdige Kolombia bestiet sûnt 1928. Nei 1948 barden der in rige militêre kûps, folge troch de diktatuer fan Rojas Pinilla (1953-1957). Nei syn fal hawwe liberalen en konservativen it saneamde "Front fan Nasjonale Herfoarming" foarme en om bar ôfwikseljend regeard. Yn 1974 wienen de earste frije presidintsferkiezings.
[bewurkje seksje] Demografy
[bewurkje seksje] Bevolking
It grutste part fan de befoling wennet yn it Andesgebiet en it Karibyske kustgebiet. Sa'n 49% fan de Kolombianen wennet yn stêden. Inkeld in lyts persintaazje fan de befolking is fan ynhiemske yndiaanske komôf. Likernôch de helte bestiet út mestiezen, 43% is blank en 13% is fan Afrikaanske komôf.
[bewurkje seksje] Taal
It meastepart fan de befolking sprekt Spaansk dat ek de offisjele taal fan it lân is, yn it kustgebiet Karibysk Spaansk.
[bewurkje seksje] Religy
Meastepart fan de Kolombianen is Roomsk-katolyk, wylst de yndiaanske stammen yn de reinwâlden meast oanhingers fan natoergodstsjinten binne.