Magdalena (rivier)

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Rin fan de Magdalena

De Magdalena (Spaansk: Río Magdalena), is de wichtichste rivier fan Kolombia. De rivier is sa'n 1540 kilometer lang en rint fan súd nei noard troch it westlik part fan it lân. De rivier ûntspringt yn it departemint Huila, dat yn de Andes leit. Dêrwei streamt de rivier troch in lange delling nei it noarden, om oer de grutte kustflaktes by Barranquilla yn de Karibyske See út te mûnjen.

De streamkrite fan de Magdalena beslacht 27.3 miljoen hektares, dat is 24% fan it oerflak fan it lân dêr't 66% fan de befolking libbet.

It wetter waard neamd nei de bibelske persoan Marije fan Magdala. It legere part fan de rivier is befarber oant de wetterfallen by Honda ta, nettsjinsteande de hieltyd ferskowende sânbanken oan de mûning yn de delta.

It departemint Magdalena is nei de rivier ferneamd.


Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]