Andes

Ut Wikipedy

Gean nei: navigaasje, sykje


Wiki letter w.svg
Dit artikel is in stobbe oer geology.
Jo wurde útnoege en foegje jo witten hjir ta.


De Andes tusken Sily en Argentynje

De Andes binne in grutte langhalige rige bergen bylâns de westkant fan Súd-Amearika. It geberchte is likernôch 7000 km lang, op guon plakken 160 km breed mei in hichte fan trochstrings 4000 meter. De rige bergen rinne foar it grutste part parallel oan de kust mei de Grutte Oseaan.

De Andes rint troch sân Súd-Amerikaanske lannen: Argentynje, Sily, Bolivia, Perû, Ekwador, Kolombia en Fenezuela. De Andes trochkrúst de evener en rint súdwerts troch oant Fjoerlân. De Skotiarêch, mei ûnder oare Súd-Georgje en de Súdlike Sandwicheilannen binne foar it grutstepart ûnderseeske fuortsettings fan it geberchte. Dizze ferbynt de Andes mei in grutte bôge mei it Antarktysk skiereilân in Antarktika.

Aspekten/aksjes
Persoanlike ynstellings