Ekwador

Ut Wikipedy
República del Ecuador
Flagge fan Ekwador Wapen fan Ekwador
Flagge Wapen
Lokaasje fan Ekwador
Offisjele taal Spaansk
Haadstêd Kwito
Steatsfoarm Republyk
Ynwenners (2010) 14.306.876
Munt Amerikaanske Dollar (USD)
Tiidsône UTC -5
Nasjonale feestdei 9 oktober en 3 novimber
Lânkoade ECU
Ynternet .ec
Tillefoan 593

De Republyk Ekwador is in lân yn it noardwesten fan Súd-Amearika. De haadstêd is Kwito. It is ferneamd nei de evener (yn it Spaansk: ecuador), dat it lân midstwa snijt.

Geografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Lizzing[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It wurdt begrinzge troch

Lânskip[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ekwador bestiet út trije parten: de tichtbefolke kuststripe oan de Grutte Oseaan, it heechlân fan de Andes (heechste berch Gimborazo, op 6310 meter) en it leechlân fan de Oriente, dêr't him oant-en-mei de grins mei Perû in tropysk reinwâld útstrekt.

De op sa'n 1000 km ôfstân lizzende Galapagoseilannen mei syn unike bistewrâld (skyldpodden, reuze hagedissen, fûgels) hearre ek by Ekwador.

Klimaat[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It klimaat fertoant gjin grutte ferskillen yn temperatuer.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ekwador waard yn de 15e iuw beset troch de Inka's. De Konkwistadores oermasteren it lân yn 1534 en stiften de tsjintwurdige haadstêd Kwito.

Yn 1822 waard Ekwador ûnôfhinklik fan Spanje, lykwols bliuw it oant fier yn de 20e iuw it taferiel fan politike ûnrêst. Ferskate diktatoriale rezjyms kamen oan it bewâld, wylst bûtenlânske ynvestearders de Ekwadoraanske oalje eksploitearren. De ûnmeugende rykdommen oan oalje dêr't it lân oer beskikte liede der ta dat demokratyske rezjyms net oan de macht komme koenen. Pas yn 1979 kaam der foar it earst in demokratyske regearing. Dizze regearing hie sûnt it begjin te krijen mei in grutte ekonomyske krisis, ynflaasje en tanimmende skulden.

Yn april 2005 waard wêr in steatsgreep plige dêr't presidint Lucio Gutiérrez romte meitsje moast foar syn fise-presidint Alfredo Palacio.

Demografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Befolking[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De befolking fan Ekwador is tige divers. Mestizen, minsken fan mingd Spaansk-Yndiaanske komôf foarmje mei nei skatting goed 65% it grutste part fan de befolking. De omfang fan de Yndianen, dy't benammen yn de Andes wenje, wurdt holden op in lytse 7% fan de befolking, mar lykwols ferskillen de mieningen hjiroer. Neffens eigen sizzen meitsje sy wol 25% fan de befolking út. Fierders bestiet tusken de 7 en de 10% fan de befolking út ôfstammelingen fan de Spanjerts, en der binne ôfstammelingen fan Afrikaanske slaven dy't mei skippen nei Ekwador brocht waarden. Yn de stêden wenje ek minsken fan Arabyske komôf, fral ymmigranten út Libanon en harren neisieten.

Religy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Om-ende-by 80% fan de Ekwadorianen heart by de Roomsk-Katolike Tsjerke, en sa'n 11% binne Protestantsk. Yn de wyldere parten fan Ekwador hat it âlde ynhiemske leauwen har fermongen mei katolike ynfloeden. In protte religieuske festivals en jierlikse parades binne basearre op âlde godstsjinstige fieringen.

Taal[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De offisjele taal yn Ekwador is it Spaansk.