Konkwistadore
Konkwistadores (Spaansk: Conquistadores) is de namme dy't de Spanjerts joegen oan de oermasterers fan de Nije Wrâld. Sy wienen soldaten, ûntdekkingsreizgers en avonturiers dy't in grut part fan Latynsk-Amearika en de Filipinen fan de 15e oant de 17e ieu ûnder Spaansk bewâld brocht hawwe.
Neidat Kolumbus Amearika ûntdekt hie, stjoerde Spanje der al gau ekspedysjes hinne, om de "Nije Wrâld" te 'kerstenjen'. Dizze ekspedysjes waarden foar it meastepart laat troch hidalgo's dy't ta de ferearmde eallju hearden. Sy hopen yn Latynsk-Amearika harren fortuin meitsje te kinnen dat yn Jeropa net mooglik wie. In soad konkwistadores kamen út Ekstremadûra.
Ynearsten waard troch de konkwistadores de ynlânske befolking tige min behannele. In protte yndianen waarden troch harren dea makke, mishannele en ta slavernij brocht. De Yndiaanske stêden waarden ferneatige en dêrtroch is soad wichtige kultuere sintra fan ûnder oaren de Inka en de Maya ferdwûn.
List fan conquistadores en Spaanske ûntdekkingsreizgers [bewurkje seksje]
Namme (regio fan ferovering of ûntdekking, tiidrek fan ferovering of ûntdekking)
- Diego de Almagro (Perû, 1524-1535, Sily, 1535-1537)
- Pedro de Alvarado (Kuba, 1511, Meksiko, 1518-1521, Gûatemala 1523-1527, Perû, 1533-1535, Nij-Galysje, 1540-1541)
- Lucas Vásquez de Ayllón (eastkust fan Noard-Amearika, 1524-1527)
- Vasco Núñez de Balboa (Panama, 1510-1519)
- Nuño Beltrán de Guzmán (Nij-Galysje, 1529-1536)
- Sebastián de Benalcázar (Ekwador en Kolombia, 1533-1536)
- Álvar Núñez Cabeza de Vaca (súdwesten fan de Feriene Steaten, 1527-1536, Súd-Amearika, 1540-1542)
- Francisco Hernández de Córdoba (Yucatán, 1517)
- Francisco Hernández de Córdoba (Nikaragua, 1524 - 1526)
- Francisco Vásquez de Coronado (súdwesten fan de Feriene Steaten, 1540-1542)
- Hernán Cortés (Mexico, 1518-1522, Hondueras, 1524, Baja California, 1532-1536)
- Bernal Díaz (Yucatán, 1517-1518, Meksiko 1519-1521)
- Nikolaus Federmann (Fenezuela, 1530-1535, Kolombia 1535-1539)
- Juan de Grijalva (Yucatán, 1518)
- Gonzalo Jiménez de Quesada (Kolombia, 1536-1537, Fenezuela, 1569-1572)
- Francisco de Montejo (Yucatán, 1527-1546)
- Pánfilo de Narváez (Jamaika, 1509, Kuba, 1512, Florida, 1528)
- Diego de Nicuesa (Panama, 1506-1511)
- Cristóbal de Olid (Hondueras, 1523-1524)
- Francisco de Orellana (Amazône, 1541-1543)
- Francisco Pizarro (Perû, 1509-1535)
- Gonzalo Pizarro (Perû, 1540-1542)
- Juan Ponce de León (Puerto Riko, 1508, Florida, 1513 en 1521)
- Gonzalo de Sandoval (Meksiko, 1519-1527)
- Hernando de Soto (súdeasten fan de Feriene Steaten, 1539-1542)
- Martin de Ursua (El Petén yn noard Gûatemala), 1696-1697)
- Pedro de Valdivia (Sily, 1540-1552)
- Diego Velázquez de Cuéllar (Kuba, 1511-1519)
- Miguel López de Legazpi (Filipinen, 1565-1572)
- Martin de Goiti (Manilla, 1569)