Hernán Cortés

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Hernán Cortés

Hernán Cortés ek Hernando Cortés, ( 1485 - 2 desimber 1547 ), wie in Spaanske Konkwistadore.

Hernando Cortes wie in ferearme ealman dy’t mei in 600 man syn gelok yn de Nije Wrâld sykje woe.
Dêr moete er in Azteeksk famke dat syn freondinne, assistinte en tolk waard en him beselskippe op syn feroveringstocht troch it Azteekse ryk. Doe’t hy kening Montezuma moete hie (dy’t him net echt hertlik wolkom hiet) begûn syn ûnderwerping, it earste jier fredich mar nei dat jier rekken se deilis en waard it een wapene striid. It slagge Cortes frij ienfâldich it grutte Azteekse ryk omfier te smiten (nettsjinsteande dat er mar mei 600 man wie) dat hie trije oarsaken:

  • De fijannen fan de Azteken advisearren Cortes en leveren troepen
  • De komst fan Cortes' foel gear mei de religeuze ûntheistering fan de Azteken. Neffens harren leauwe kaam der in tige wichtige god by har werom en dêrom tochten se dat Cortes (dy't der op syn hynder en mei yndrukwekkende wapens machtich útseach) faaks in boadskipper wie fan dy god.
  • Troch de syktes út Europa: pokken, gryp, pest dy't it Azteekse folk net koe en dêrom deadlik foar harren wiene. Dat lêste feroarsake mear slachtoffers as de wapens ea berikt hawwe koene.

Cortes stoar op 62-jierrige leeftiid by Sevilla yn Spanje.

Sjoch ek[bewurkje seksje | edit source]


Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]

Wikimedia Commons Dit materiaal is beskikber by Wikimedia Commons as Hernán Cortés en wurdt mooglik ek brûkt by oare Wiky-projekten.