Gryp
| Tink derom dat de Wikipedy gjin medyske konsultaasje jout! |
Echte gryp of ynfluenza is in sykte dy't troch it ynfluenzafirus feroarsake wurdt. Dat firus ynfektearet de luchtwegen. In soad minsken sizze gryp te hawwen as se winterdeis of yn de hjerst troch in ferkâldheid-eftige sykte mei wat koarts troffen wurde, mar hjirby giet it om in gewoan ferkâldheidsfirus. Echte ynfluenza liedt by de measte minsken ta frijwat sykteferskynsels en in in net te ferwaarleazjen stjerte, benammen by de âlderein. Alle jierren krije sawat 820.000 Nederlanners gryp. By in trochsneed grypepidemy yn de winter geane yn Nederlân 250 oant 2.000 persoanen direkt oan de gryp of oan de gefolgen derfan dea[1][2]. Slachtoffers fallen benammen yn de risikogroepen: âlderen (sirka 90% fan de stjergefallen is 65 jier of âlder) en persoanen mei in groanyske oandwaning (bygelyks diabetes mellitus, hert- en longoandwaningen)[2].
Symptomen [bewurkje seksje]
Gryp kan kin hurd opsetten komme. Kenmerkende symptomen fan gryp binne koarts, pine yn'e holle, hoastje, pine yn de kiel, spierpine, ferstoppe noas, gefoel fan swakte en minder sin oan iten.[3]
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|