Nije Wrâld

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
In kaart fan de Nije Wrâld fan Guillaume Delisle út 1774.


Mei it begryp Nije Wrâld wurde de kontininten bedoeld dy’t nei de ûntdekkingstochten fan Kristoffel Kolumbus fan 1492 dien binne.

Ofkomst[bewurkje seksje | edit source]

Yn 1493 kaam Kristoffel Kolumbus werom yn Spanje fan syn reis nei de Amearika’s. Op 1 novimber fan dat jier refereare Peter Martyr d’Anghiera nei Kolumbus yn in brief as de ‘ûntdekker fan de Nije Wrâld’. Yn in oare brief út 1494 barde dat op'e nei. Amerigo Vespucci brûkte it wurd yn 1502 yn in boek oer de Nije Wrâld en yn 1516 publisearre Martyr in boek mei as titel "De orbe novo" (Op de Nije Wrâld). En yn 1524 waard de term brûkt troch Giovanni da Verrazzano yn in ferslach fan syn reis by de kust fan wat letter Kanada en de Feriene Steaten wêze soe.

Definysje[bewurkje seksje | edit source]

Oer it algemien wurdt mei de Nije Wrâld de kontininten Noard- en Súd-Amearika bedoeld. De Alde Wrâld bestiet út Jeropa, Afrika en Aazje.

Austraalje en Antarktika binne nei 1492 ûntdekt, mar wurde net ta de Nije Wrâld rekkene. Lykwols wurde se ek niet yndield by de Alde Wrâld. Ek it meastepart fan de eilannen dy’t nei 1492 ûntdutsen binne wurde net ta de Nije Wrâld rekkene.

Oare definysjes[bewurkje seksje | edit source]

Biology[bewurkje seksje | edit source]

Yn de biology wurdt it wurd noch hieltyd brûkt. Bygelyks om it ferskil yn soarten bisten oan te jaan: De Apen fan de Alde Wrâld en die fan de Nije Wrâld. Ek wurd der sa ûnderskied makke tusken mûzen, rotten en gieren.

Winen[bewurkje seksje | edit source]

By winen wurdt ek ûnderskied makke tusken ferskate wrâlden.

De Jeropeeske wrâlden wurdt de ‘âldewrâldewinen’ neamd. De winen út bygelyks Súd-Amearika, Austraalje, Libanon en Súd-Afrika wurde de ‘nijewrâldwinen’ neamd.