Floarida

Ut Wikipedy
(Trochwiisd fan "Florida")
Gean nei: navigaasje, sykje
lokaasje fan Floarida

Floarida is in steat fan de Feriene Steaten fan Amearika. It is in skiereilân mei westlik de Golf fan Meksiko, súdlik de Strjitte fan Floarida en eastlik de Atlantyske Oseaan.

Stêden yn Floarida[bewurkje seksje | edit source]

De haadstêd fan Floarida is Tallahassee, en Jacksonville is de grutste stêd. Tallahassee leit yn in part fan Floarida mei de namme Panhandle. Der binne oare grutte stêden yn Floarida, lykas Tampa, Orlando en Miami. Orlando is wiidferneamd troch de ferdivedaasjeparken, lykas de fjouwer parken; Walt Disney World Resort, Sea World, Bush Gardens and Universal Orlando. Miljoenen toeristen besykje Orlando elts jier.

Sinneskyn Steat[bewurkje seksje | edit source]

Floarida wurd ek wol beskôge as de sinneskyn steat. De efterlizzende reden foar dizze skaainamme hat te krijen mei de temperatuer. Tidens de simmer kin it der 112 graden Fahrenheit wurde, yn de wintertiid kinne de temperatueren sakje ta 55 graden Fahrenheit. Sa út en troch dûkt de temperatoer hjir sels noch in bytsje ûnder. Floarida hat sawol rein as droege seizoenen. Floarida hat gjin fjouwer seizoenen. Yn de simmertiid binne der in soad surfers en oare toeristen. Foar guon Amearikaanske âlderein is Floarida harren nije wensteat.