Panama

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
República de Panamá
Flagge fan Panama Wapen fan Panama
Flagge Wapen
Lokaasje fan Panama
Offisjele taal Spaansk
Haadstêd Panama-stêd
Steatsfoarm Republyk
Gebiet
% wetter
78.200 km²
2,9­%
Ynwenners (2004) 3.000.000
Munt Balboa (PAB)
Tiidsône UTC -5
Nasjonale feestdei 3 novimber
Lânkoade PAN
Ynternet .pa
Tillefoan 507

De republyk Panama (Spaansk: República de Panamá) is in lân yn Sintraal-Amearika. De haadstêd is Panama-Stêd.

Geografy[bewurkje seksje | edit source]

Lizzing[bewurkje seksje | edit source]

Panama is it meast súdlike lân fan Sintraal-Amearika en wurdt begrinzge troch de lannen Kosta Rika en Kolombia. It lân is fral bekend troch it Panamakanaal, dat in skipfeartferbining mooglik makket tusken de Atlantyske Oseaan en de Grutte Oseaan.

Lânskip[bewurkje seksje | edit source]

Yn it westen lizzen de útrinners fan de Sintraal-Amerikaanske berchrêch mei hichten oant 3477 meter heech, dat oergiet yn in heuveleftich lânskip en fierder ôfrint nei de tropyske leechflakte fan de Darienjungle. As gefolch fan de berchskieding falt ferhâldingsgewiis yn de noardlike reinwâlden mear rein.

Skiednis[bewurkje seksje | edit source]

Al rillegau nei de ûntdekking fan Amearika troch Kristoffel Kolumbus ûntstienen nei 1501 oan de Panameeske kust de earste Spaanske koloanjes. Nei 1821 skiede it gebiet fan it tsjintwurdige Panama him ôf fan it memmelân en kaam by de nije Latynsk-Amerikaanske steat Grut-Kolombia te hearren. Troch tuskenkomst fan de FS yn 1903 waard Panama yn namme in ûnôfhinklike steat, want de FS hâlde gans yn de brij te krommeljen wat de bestjoer fan it lân oanbelange. Sûnt 1982 is Panama alhiel soeverein wurden, útsein de kanaalsône dêr't de FS oant-en-mei 2000 in sterke Amerikaanske troepemacht legerje soe. Op 1 jannewaris 2000 krige Panama ek oer dat stik gebiet foarfêst it bewâld.

Befolking[bewurkje seksje | edit source]

De befolking fan Panama bestiet foar 60% út Mestizen, minsken fan mingd Jeropeesk en Yndiaansk komôf. Dizze befolkingsgroep wennet fral yn it westen (yn de provinsjes Coclé, Herrera meitsje sy goed 90% fan de bewenners út). Negers en Mulatten foarmje de twadgrutste kloft mei sa'n 15% fan de befolking. Dêrop folgje de Kreolen mei 13%. De Yndianen hawwe in oandiel fan 8% en fierders meitsje Aziaten 4% fan de befolking út.

Religy[bewurkje seksje | edit source]

De Panameeske befolking is foar it meastepart kristlik; 78–80 % is Katolyk en 15 % Protestanten.